Kollum: "Earst sjen, dan leauwe"

"Foardat kening winter einlings wer in kear by ús op besite kaam, hie ik al skjin myn nocht! Mei oerdwylske foarsizzings as sniestoarmen, sniedunen, koade read en glûpende kâld waar hie ik it gefoel as wie ik yn Sibearië, wylst it allinnich noch mar reinde. Myn ferstân tinkt op sokke mominten: earst sjen, dan leauwe. Myn emoasjes dêrtsjinoer reitsje al wat yn 'e stress. Want stel dat it echt sa need giet, dan moat ik dochs mar ekstra boadskippen, iten foar de bisten en hea foar de hynders helje.
Hilda Talsma © Omrop Fryslân
De toan fan Hilda Talsma
Ik ha der in hekel oan op 'en paad te gean mei in sniestoarm en glêde diken. Mar ik wol fansels ek net ferhongerje en sadwaande gong ik ôfrûne freedtemoarn mei goede moed nei de supermerk. Net om te hamsterjen, mar gewoan om foar in wike boadskippen te dwaan. Omdat ik noait in boadskippebriefke brûk, moast ik yn 'e winkel betinke wat ik allegear helje soe en ik hie betocht in grutte panne snert te meitsjen.
It die bliken dat ik net de iennichste wie, want der wie net in splitearte mear te krijen, útsein yn de lêste fjouwer snertpakketten. Dêr ha ik twa fan meinommen, want ik hie myn sinnen der no ien kear op set en fierder wie lokkich alles noch te keap. It wie wol drok, mar goed te dwaan, dus dy missy wie slagge.
Foardat ik de sneons hea helje soe, moast ik earst efkes nei de Welkoop om oar bistefretten en dêr wie it in gekkeboel! It winterguod wie net oan te tôgjen! By de kassa stiene noch in pear moaie swarte snieskowers en ik naam ek ien mei. Ik brûk mynt altyd as strontskep en dy is net sa bêst mear. Achter my siet in âlde man yn in scootmobyl en hy lake doe't ik de snieskower by de kassa lei. 'Tinkst no echt dat we safolle snie krije?' frege er. 'Ik wit it net', sei ik. 'Jo net?' Hy skodholle. 'Net safolle as se foarsizze, mar it wurdt wol kâld.'
Werom yn 'e auto kaam it nijs op de radio en doe't de nijslêzer foar de safolste kear begûn te bearen oer it ekstreme winterwaar, wie ik der hielendal klear mei! 'Hâld dy de snút, swetser!' rôp ik en ik die de radio út. Dat se winterwaar foarsizze, is prima, mar meastentiids binne de ferhalen sterker as de nachtfroast sels!
Op 'e weromreis moast ik noch efkes nei de supermerk om gloeilampen. Der wie ien stikken gien, ik hie gjin nije en ik wie dochs ûnderweis. It wie wer drok, fansels, en ik seach dat it skap mei de ierappels hast leech wie. Mei eachkleppen op bin ik gau nei de gloeilampen flein en ik wie bliid doe't ik einlings wer thús wie.
Winterdrokte, ornaris drokte om neat. Dochs sit it noch yn ús systeem om de boel yn streken ha te wollen as it safier is. Dêr is op himsels neat mis mei, neffens my is it in goed ynstinkt. Wat my oangriist, is dat oerdreaune gedoch fan guon lju, want wêr ha we it oer?! 'Indien er genoeg ijs ligt', dan 'GOAT IET OAN!', twittere dy sleauwe geit fan it Forum voor Democratie ôfrûne moandei en de moed sakke my op 'e nij yn 'e skuon.
Foardat kening winter ek mar de kâns krigen hat om syn koffer út te pakken, binne der al in moai swikje troch it iis sakke mei har gelul, útsein de man yn de scootmobyl, want hy krige gelyk. Dochs mei ik hiel graach oer dit betsjoenende waar, hear! Earst sjen, dan leauwe en dêrnei genietsje, foar salang't it duorret."