Rabobank jout letter dit jier dúdlikens oer sluting kantoaren, CNV wol leansferheging

De Rabobank jout yn de rin fan dit jier dúdlikens oer it tal kantoaren dat sluten wurde sil yn Fryslân. Dat seit direkteur fan Rabobank Drachten en Noardeast-Fryslân, Durk Mous, yn taljochting op de jiersifers fan de bank dy't tongerdei bekend makke binne. Rabobank boekte ferline jier nettsjinsteande de coronakrisis wrâldwiid in winst fan 1 miljard euro. Wol sille der de kommende fiif jier 5.000 fan de 40.000 banen ferlern gean en sille der op ferskate plakken kantoaren ticht moatte.
© Google Street View
Wat de reorganisaasje foar Fryslân betsjutte sil, is no noch net te sizzen, fertelt Mous. Yn de rin fan it jier sil dat bekend makke wurde. De Rabobank hat yn Fryslân no noch mear as tsien kantoaren, fiif dêrfan binne iepen. De oare binne ticht fanwege corona en it is noch ôfwachtsjen oft dy wer iepengean. Yn totaal wurkje yn de regio Fryslân sa'n 450 minsken by de Rabobank.

Digitalisearring

De bank hat yn de ôfrûne jierren al ferskate kearen nei bûten brocht dat it tal banen flink weromrinne sil en ek dat der folle minder kantoaren komme fanwege de digitalisearring, wêrtroch't hieltyd minder minsken nei de kantoaren komme. Mar in definitive ynfolling foar Fryslân is oant no ta noait bekend makke. Mous jout oan dat dat dit jier plakfine sil. Neffens him jout de digitalisearring ek mooglikheden foar nije banen.

Stipe MKB

Rabobank besiket ûndernimmers yn de middelgrutte en lytsere bedriuw safolle mooglik te helpen by de problemen dy't se tsjinkomme yn coronatiid. Mar úteinlik moat it finansjeel wol kinne, seit Mous. As der gjin sûne businesscase mear te meitsjen is, kin de bank in bedriuw net oerein hâlde. Foar de gefallen dat dit bart, hat de bank finansjele foarsjennings troffen.

Boeren

Mous seit dat itselde eins jildt foar boeren dy't oerskeakelje wolle nei in biologysk of in mear ekstinsyf bedriuw. De Rabobank kaam dêroer koartlyn yn it nijs troch in Zembla-dokumintêre op telefyzje. Doe wie te sjen dat de Rabo weromhâldend is mei it stypjen fan boeren as se tydlik minder ynkomsten hawwe omdat se oergean nei in oare, minder yntinsive bedriuwsfoarm. Ek dêr wol de bank meitinke, fertelt Mous. Mar der moat wol in slutende businesscase fan te meitsjen wêze.

Duorsumheid

Rabo set de kommende jierren njonken de gewoane finansjele tsjinstferferliening bot yn op duorsumens. Sawol partikulieren as bedriuwen kinne by de bank telâne foar advys en finansiering. Adviseurs fan de bank gean dêrfoar de boer op. By it duorsumheidsbelied fan de oerheid wol de Rabobank ek in rol spylje.
© Google Street View

CNV wol leansferheging

It fakbûn CNV fynt dat de Rabobank dit jier mei in fatsoenlike leansferheging komme moat yn de noch te sluten nije CAO. CNV is dêroer al in tiid mei de bank yn petear, mar oant no ta is der noch gjin oerienkomst berikt. Underhanneler Robert Wonnink fan it CNV sjocht wol mooglikheden foar leansferheging: "Eén miljard winst in een tijd van Covid-19, van corona, dan denken wij dat als je één miljard euro nettowinst behaalt, er wel ruimte is voor een nette loonsverhoging."
Ofrûne simmer is der al wol in akkoart berikt mei de bank oer in sosjaal plan foar twa jier. "Daar zijn we erg content mee", seit Wonnink. "Dat geeft ook enigszins rust richting medewerkers. Dat betekent niet dat de rust is wedergekeerd, maar we hebben iets geregeld waarop we kunnen terugvallen."
Underhanneler Robert Wonnink fan it CNV