Liveblog | 11 febrewaris 2021

Winterblog 11 febrewaris: NK maraton op natueriis fan de baan | IIskoarts yn Fryslân

It is winter yn Fryslân. Folgje yn dit liveblog de situaasje yn de provinsje fan minút oant minút.
Bywurke: 11 febrewaris 2021, 22:53
tongersdei 11 febrewaris 2021
22:49

Ein fan dit liveblog

We slute it liveblog fan dizze tongersdei ôf. Tank foar it folgjen. Moarn is der wer in liveblog oer it winterwaar yn Fryslân.
21:33

Fryslân bynt de redens ûnder

20:40

IIskoarts yn Fryslân

Friezen bine massaal de redens ûnder
19:53

Gjin NK maraton op natueriis

It Nederlânsk kampioenskap maratonriden op natueriis mei net trochgean. De regearing hat de plannen fan de KNSB en House of Sports ôfkard. It reedrydbûn is teloarsteld oer it beslút. De KNSB wie al drok dwaande mei de tariedingen foar de wedstriid. "Dit is een heel bittere pil, een enorm zware teleurstelling", reagearret Remy de Wit, technysk direkteur fan de KNSB.
19:00

KNSB riedet NK op natueriis ta

It reedrydbûn KNSB is yn petear mei it ministearje fan VWS en ferskate Veiligheidsregio's oer in mooglik NK maraton op natueriis. It bûn tsjinne dize wike in plan yn by it ministearje, it kabinet moat dêr tastimming foar jaan. Neffens in wurdfierder fan VWS sil der gau útslútsel oer komme.
"Aan de ene kant hebben we het sportvraagstuk: hoe kunnen we de topsportbubbel garanderen? Hoe veilig is het? De risico's op verspreiding van het coronavirus moeten minimaal zijn. Aan de andere kant heb je ook het veiligheidsvraagstuk. Hoe kunnen burgemeesters en veiligheidsregio's handhaven dat er geen publiek komt? Het gaat om het totaalplaatje. Als alles rond is, zou het eventueel kunnen."
Yntusken hat it KNSB al goed 150 riders op it firus teste litten. "Dat er een bubbel wordt gecreëerd is een harde voorwaarde, daarom hebben we dit alvast geregeld", seit in wurdfierder. "Het zegt niets over het al dan niet doorgaan van een NK. Daarover hopen we zo snel mogelijk uitsluitsel te krijgen." De tijd begint te dringen, omdat het volgens de weersvoorspellingen na het weekeinde weer gaat dooien.
Willem Hut, kompetysjelieder by it maratonriden
17:06

Smellingerlân: set auto op goed plak del

De gemeente Smellingerlân warskôget reedriders in goed parkearplakje foar harren auto te sykjen, dêr't se ek wer fuortride kinne. In soad minsken komme op it stuit fêst te sitten mei de auto. "De gemeente kan de auto's niet ter plaatse lostrekken", skriuwt Smellingerlân op Twitter.
16:13

Dwaande mei it iis yn Earnewâld

Op It Wiid yn Earnewâld binne de minsken út it doarp drok dwaande om it iis moai te meitsjen. Mei pompen en túnslangen wurdt der wetter oer it iis spuite yn de hoop dat der moarn in moai baan leit.
14:23

<3

14:12

IIs falt ôf

It wie goed kâld yn Fryslân fannacht, mar foar in hiel soad ekstra iis hat dat net soarge. Dat seit Sytse Kroes, iismaster fan De Friesche IJsbond. "We ha der fannacht in sintimeter by krigen. It giet net sa hurd as we wolle soenen."
12:34

Ride op de Iselmar

© CAMJO media
12:02

Twa jonges teste it iis op de Tsjûkemar

© Jarno Fransen
11:50

Mear en mear iisbanen iepen

11:24

Moaie natuer

11:22

Ride op de Alvestêderûte

11:16

...

Op it Suderbolwurk yn Dokkum © Renze Visser
10:43

IIsbrekke

Bylden fan de Inspectie Scheepvaart Fryslân, dat it iis brekt yn de Snitser haven foar de skippen:
IIs brekke foar Snitser skippen
10:41

Harkemaster iisbaan iepen

De iisbaan fan De Harkema is ek iepen! It iis is dik genôch en de Fryske flaggen wurde ophongen.
Sjoch op dizze kaart wêr'tst reedride kinst en help ús om aktuele ynformaasje ta te heakjen.
© Atze van der Ploeg
10:21

Langlaufe op Flylân

09:58

Te riden mei de skoalle

09:41

"No stress, no glory"

© Omrop Fryslân, Jeroen Boersma
De iisbaan fan Akkrum giet aanst om 10.00 oere iepen. Der moat noch wol aardich wat gebeure, sjocht ferslachjouwer Jeroen Boersma. It snie moat der noch ôf, de flaggen moatte noch ophongen wurde en de lampen binne stikken. Mar bestjoerslid Sjerk de Vries sit der net oer yn: "Ik sis altyd mar: no stress, no glory!" Neffens De Vries kinne se wol 300 oant 400 minsken kwyt op de iisbaan.
Akkrum riedt him ta op de iepening fan de iisbaan
09:36

Maratonriders riede harren ta op natueriis

© NOS
No't it in skoftke friest yn Nederlân, meitsje maratonriders harren klear foar in eventueel Nederlânsk kampioenskip op natueriis. Dat dogge se ûnder oare op it Nannewiid by Aldehaske. Ien fan harren is Bob de Vries, dy't koart nei syn ôfskied as maratonrider dochs mar wer de redens ûnderbynt.
08:31

Moaie plaatsjes út de Greidhoeke

08:03

Winter yn Beetstersweach

07:35

Dielnimmers eventueel NK test op corona

De kâns is grut dat der hjoed útslútsel komt oer it wol of net trochgean fan it Nederlânsk kampioenskip op natueriis. De KNSB hat in plan yntsjinne by it ministearje, dy moat no bepale oft it kin mei alle coronabeheiningen. Foar de wissichheid nimt de KNSB alfêst de earste stappen. Sa wurde alle eventuele dielnimmers hjoed test op corona.
07:25

Mear en mear iisbanen iepen

De iisbaan fan Warkum © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Mear en mear iisbanen yn de provinsje binne iepen. Ofrûne nacht hat it iis ek in slachje holpen, mei temperatueren fan sawat -10 yn in grut part fan de provinsje. De kommende nachten bliuwt it kâld, foarseit waarman Piet Paulusma.
07:22

KNMI: glêdens

De KNMI warskôget foar lokaal glêde diken. Koade giel jildt noch hieltyd. Alde stikken snie binne beferzen. Fierder is der woansdeitejûn en yn de nacht wer wat snie fallen, wat ek foar glêdens soargje kin.
woansdei 10 febrewaris 2021
07:00

Goeiemoarn!

Goeiemoarn en wolkom yn dit liveblog oer it winterwaar. Ek hjoed hâlde we jim wêr op 'e hichte oer al it lêste nijs om de waarsomstannichheden hinne.
It liveblog fan woansdei is hjir nei te lêzen.