Bekerwedstriid SC Hearrenfean-Feyenoord giet oer: "It fjild wie in skypiste en no in iisbaan"

De bekerwedstriid fan SC Hearrenfean tsjin Feyenoord op tongersdei giet net troch. Fanwegen de waarsomstannichheden is it fjild fan it Abe Lenstrastadion op It Hearrenfean ôfkard. Sa't de fjildman sei: "It wie in skypiste, it is no in iisbaan." It soe gean om de kwartfinale fan de KNVB- beker. Earder joech Feyenoord-trainer Dick Advocaat al oan dat de wedstriid neffens him net trochgean koe.
Bekerwedstriid SC Hearrenfean - Feyenoord giet oer: fjild is te min
In pear wiken lyn wûnen de Friezen noch mei 3-0 fan de Rotterdammers.
De wedstriid wurdt ynhelle op woansdei 17 febrewaris om 18.45 oere.
© Omrop Fryslân, Arjen de Boer
Groundsman Gertjan Hilarius
© Omrop Fryslân, Arjen de Boer