Liveblog | 10 febrewaris 2021

Winterblog 10 febrewaris: iisbanen iepen, iiskwaliteit min

It is winter yn Fryslân. Folgje yn dit liveblog de situaasje yn de provinsje fan minút oant minút.
Bywurke: 10 febrewaris 2021, 22:13
woansdei 10 febrewaris 2021
21:36

Snie op iis yn Ljouwerter grêften

21:02

Mei de drone oer de Pikmar

20:53

Kwaliteit natueriis bliuwt fragyl

20:37

Marsumer Hoofdkanaal

20:34

Buma jûn by Op1; lykas earder op de dei by de Omrop ek wer mei Brok en Wieling

20:02

Op de belslide troch Hollum

19:54

Maratonriders traine by Nannewiid

De maratonploech fan Jillert Anema wie woansdei oan it trainen op natueriis, dat dienen se op it Nannewiid. Se hoopje op in NK op natueriis.
© NOS
19:49

KNSB: plan stjoerd nei ministearje oer NK op natueriis

It wurdt woansdei noch net dúdlik oft der in Nederlânsk kampioenskip op natueriis komt en wannear. Reedrydbûn KNSB hat in plan fan oanpak nei it ministearje fan VWS stjoerd en it is no wachtsjen op de folgjende stap. By it plan is benammen sjoen nei in feilich en oersichtlike situaasje fanwegen corona.
It lêste NK op natueriis wie goed 8 jier lyn.
18:38

Drokte op de Ryptsjerksterpolder

© Kappers Media
18:36

Brânwacht hellet fûgel mei ferwûnings fan it iis by Hearrenfean

© CAMJO Media
18:23

Farferbod op de farwei nei Drachten

Fan dizze woansdei 19:00 oere is in farferbod ynsteld op de farwei nei Drachten (A 003) yn ferbân mei it iis en de ferwachte iisgroei.
18:19

NS rydt tongersdei ek mei oanpaste regeling

De NS rydt tongersdei ek mei in oanpaste tsjinstregeling fanwegen it winterwaar. Benammen sprinters sille ride.
17:58

It wetter by de Dokkumer bolwurken ûnder in wite laach

17:53

Yn de wyk Skoatterwâld op It Hearrenfean in soad reedriderij, dêr't de brânwacht wetter opspuite hat:

17:31

Bekerwedstriid SC Hearrenfean-Feyenoord giet oer: "It fjild wie in skypiste en no in iisbaan"

De bekerwedstriid fan SC Hearrenfean tsjin Feyenoord op tongersdei giet net troch. Fanwegen de waarsomstannichheden is it fjild fan it Abe Lenstrastadion op It Hearrenfean ôfkard. Sa't de fjildman sei: "It wie in skypiste, it is no in iisbaan." It soe gean om de kwartfinale fan de KNVB- beker. Earder joech Feyenoord-trainer Dick Advocaat al oan dat de wedstriid neffens him net trochgean koe.
Ek de frouljuswedstriid fan SC Hearrenfean fan sneon giet net troch, waard woansdeitemiddei bekend makke.
17:27

Krookjes yn de snie yn de Rysterbosk

17:26

In wite Môchdyk op It Amelân, mei Ljouwert op de eftergrûn

17:10

Jonge troch iis sakke by plysjeburo Burgum

By it plysjeburo yn Burgum oan de Prins Bernhardstrjitte is woansdeitemiddei in jonge troch it iis sakke. De plysje hat de jonge út it iis helle mei in stik tou. De jonge is troch ambulânsepersoniel behannele op it plysjeburo.
© Noordernieuws/De Vries Media
16:40

Dat je net allinne mei redens oer iis kinne, litte se wol sjen yn Harns:

© Omrop Fryslân
16:26

Gymnastykles op de baan yn Baard: guon bern foar it earst op iis

Yn Baard komme der foarearst allinnich bern op de iisbaan. "It is hartstikke drok, de skoalbern hiene yn stee fan gymnasyk no reedrydles fan de master. Der binne bern dy't noch nea op it iis stien hawwe, dus dat is fansels hiel bysûnder. Efter de rekjes oan en op de EasyGliders," seit Thomas van der Meer. "De iisbaan is noch mar krekt iepen, wy bliuwe iepen foar salang't it kin. Ik hoopje der noch moai wat dagen fan te genietsjen."
Ferslachjouwer Maaike van der Hoek op de iisbaan yn Baard
De iisbaan fan Baard © Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek
16:18

Wieling: "De tocht like somtiden wol ferkiezingsmateriaal"

De Alvestêdetocht like de ôfrûne tiid somtiden wol ferkiezingsmateriaal te wurden, seit foarsitter Wieling fan de Alvestêdeferiening. Hy hat murken dat it sûnt it beslút dat it net trochgiet wat rêstiger wurden is:
Foarsitter Wiebe Wieling fan Koninklijke Vereniging De Friesche Elf Steden
16:13

De grutte binnenfeart wrot troch it iis

Binnenfeartskippen moatte in wei fine tusken alle stikken iis op it Prinses Margrietkanaal tusken Snits en Grou. It slagget noch om it sels foarinoar te krijen. Earder liet Rykswettersteat Noard-Nederlân al witte dat der op De Lemmer in iisbrekker klear leit.
© CAMJO media
16:03

Snietek oer West-Skylge

15:52

Winsk Winterwille Wommels

It bestjoer fan IIsklub Winterwille yn Wommels stiet net stil, iismaster Ype Gerbrandy is drok dwaande om de baan der troch te krijen. De iisklup hopet dat de baan om 18.30 oere foar leden iepen kin.
© Henk Bootsma
15:42

Warskôging foar min iis op it Nannewiid by Aldehaske

Der soene al minsken oan it reedriden wêze op it Nannewiid by Aldehaske. It iis liket nettsjinsteande dat berjocht net betrouber: tiisdei warskôge iisklup De Vriendschap fan Aldehaske noch foar grutte wynwekken en striemin iis yn de lytse feanmar.
15:32

Bern oer de baan yn Warkum

Op de iisbaan fan IJsclub Workum © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Op de iisbaan yn Warkum
15:24

IIskâlde bylden fan it Noarderleech en de Waadsee

15:19

Brânwacht Wommels warskôget: "IIs net betrouber, hâld noch gjin hûn somtiden"

De brânwacht fan Wommels waard oproppen om't der in hûn troch it iis sakke by Winsum. "Let dus op, it iis is net betrouber, it hâldt op bepaalde plakken dus net iens in hûn. Gean allinnich op plakken it iis op dy't offisjeel frij jûn binne, sa as iisbanen," sa skriuwt de brânwacht op sosjale media.
15:05

Q&A: Fiif fragen oer de Alvestêdetocht en de opskuor yn it lân

It like yn Den Haag de ôfrune dagen mear oer de Alvestêdenkoarts te gean as oer it coronafirus. Wylst it foech oer it hâlden fan de tocht dêr hielendal net leit. Foarsitter Wiebe Wieling fan Koninklijke Vereniging De Friesche Elf Steden, kommissaris fan de Kening Arno Brok en foarsitter Sybrand Buma fan Veiligheidsregio Fryslân wiene te gast yn De Middei fan Fryslân. Fiif fragen oan de manlju oer de Alvestêdetocht:
© Omrop Fryslân
14:18

Boaiemsanearring Het Vliet yn Frjentsjer útsteld

Wetterskip Fryslân stelt de wetterboaiemsanearring fan Het Vliet yn Frjentsjer út fanwege iisfoarming. De wurksumheden soene dizze wike úteinsette, mar begjinne no sa gau as de feart iisfrij is. It hat te krijen mei it neilibjen fan de Floara- en Faunawet, seit it wetterskip.
De wetterboaiem fan Het Vliet tusken it Van Harinxmakanaal oant de Kromme Gracht is fersmoarge. De sliblaach moat fuorthelle wurde. Dat duorret ûngefear twa moannen. It fersmoarge slib wurdt opslein yn in depot fan Rykswettersteat.
13:35

Keardaamhakke troch Wetterskip Fryslân

13:33

Gearkomste 'IJswegen Centrales'

13:32

Rykswettersteat: iisbrekker Waterlelie leit klear op De Lemmer

13:32

Mei de belslide oer Skylge hinne

13:32

In soad snie yn 't Bildt

12:36

Riderij op de Jan Durkspolder

It iis is min en hobbelich en guon riders hawwe it wetter al oan de fuotten hân, mar ek op de Jan Durkspolder by Earnewâld binne der minsken oan it reedriden op natueriis.
© Kappers Media
12:17

IIsklup Pier Thomas Wytgaard: wetter oer de baan, freed hooplik iepen

Yn Wytgaard giet de iisbaan fan IIsklup Pier Thomas noch net iepen. Ponghâlder Pieter de Roos: "It snie-iis is wol fuort. Tiisdei hawwe wy der in soad wetter oerhinne lein, dêrtroch is it no sa strak as in spegel. Wy hoopje dat wy freed iepen kinne. De corona wolle wy ferjitte, wy wolle ride. Jongelju ûnder de 17 meie ek wedstriden ride, dat sille wy dus ek dwaan." De folwoeksen leden meie ek op de iisbaan, mar moatte fansels ek ôfstân hâlde. "Aldergeloks is ús iisbaan grut. Tiisdei hawwe wy al wol trije minken fan de baan stjoere moatten. Noch efkes wachtsje."
Ferslachjouwer Auke Zeldenrust yn Wytgaard
De iisbaan fan IIsklup Pier Thomas yn Wytgaard © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
11:54

Ek yn Marrum lang om let snie

© Omrop Fryslân, Lies Bosselaar
11:34

Lekkerij troch stosnie

Troch stosnie krijt wenningkorporaasje Wonen Noordwest Friesland in soad meldingen fan lekkerij. "De oorzaak is stuifsneeuw. Dit type lekkage kunnen wij helaas niet voorkomen," jout de organisaasje oan.
11:30

Fanwege de snie bliuwt it stort op It Amelân woansdei ticht

11:02

Net alle iisbanen hawwe lok: yn Snits noch 'waarmefuotteniis'

Net alle iisbanen kinne woansdei al iepen. Sa is de iiskwaliteit op de baan fan IJsclub Sneek 1871 noch te miin. 'Waarmefuotteniis,' sa neamt foarsitter Jacob Akkerman it ek wol. Woansdeitemoarn waard it beslút naam om noch net te iepenjen. "It moat al fertroud wêze, wy krije der wol fuortendaalks 100 bern op." Oant dy tiid binne de leden fan de klup noch dwaande mei de tariedingen, bygelyks mei it setten fan linten.
Ek by IJssportvereniging Koudum kin de baan noch net iepen. "Op dit moment zijn de ijsmeesters druk in de weer om de baan ijsvrij te maken en de zwakke plekken te controleren. Maar helaas zijn er veel plekken die ronduit slecht zijn," skriuwt de feriening op sosjale media. "Wij gaan nu kijken of we een laagje water op de baan kunnen zetten."
Ferslachjouwer Auke Zeldenrust wie by de iisbaan yn Snits
De iisbaan fan 'IJsclub Sneek 1871' yn Snits wurdt sniefrij makke © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
10:51

IIsklup Naar Buiten siket sniesko-frijwilligers yn Adeholtpea

IIsklup Naar Buiten siket snieskofrijwilligers om de iisbaan yn Adeholtpea frij fan snie te krijen. "We gaan beginnen om 19:00 uur, graag een eigen sneeuwschuiver meenemen! Wellicht kunnen we er zo voor zorgen dat de (jeugd)leden zo snel mogelijk kunnen schaatsen," sa skriuwt de klup. It iis is neffens it bestjoer groeid, mar hiel rap gie it net fanwege de snie.
10:45

IIsbaan yn Drylts iepen foar jongerein ûnder de 18 jier

IIsferiening De IJlster Schaats hat witte litten dat der op dit stuit tusken de 4 en de 8 sintimeter iis op de baan leit. "Door de sneeuw is het ijs bros en bobbelig. Wij kunnen nu nog niet met de veger op het ijs en om de ijsvloer nog wat te laten aan groeien hebben we besloten de baan alleen te openen voor leden onder de 18 jaar," skriuwt de klup. 'Koek en zopie' is der net, en der is ek gjin wc. "Takken op de baan betekenen dat het ijs daar niet sterk is. Veel schaatsplezier voor de jeugd en hopelijk morgen open voor alle leden!"
© IJsclub De IJlster Schaats
10:39

Pannakoai-iis yn Nes noch net dik genôch

Yn Nes-Akkrum is oan it Juf Boeremaplein in pannakoai ûnder wetter set. De hoop fan pleatslik belang wie dat der woansdei al op riden wurde koe, mar: "Het ijs van het Juf Boeremaplein is nog niet dik genoeg, dus nog een nachtje wachten."
10:27

Natueriis by Wolvegea-Súd

Yn it natuergebiet Wolvegea-Súd waarden woansdeitemoarn de earste kilometers riden op natueriis. It stik sompelân is yn behear by It Fryske Gea en leit njonken de Domeinenweg, tusken Wolvegea en De Blesse. Tiisdei hawwe guon in baan skjinfage, dêrtroch lei der yn de moarntiid in moaie iislaach fan likernôch 7-8 sintimeter.
© René Wiegmink / ProNews
10:20

In prachtich byld fan de Waadsee nei Skiermûntseach, dat wol in puzel fan stikken iis liket:

10:03

IIsklup Donkerbroek jout grien ljocht

De iisbaan fan Donkerbroek is tusken 14.00 en 17.00 oere iepen foar leden. "De kwaliteit van het ijs is niet fantastisch, maar hopelijk drukt dat de (ijs)pret niet," sa skriuwt IJsclub Donkerbroek. "En mocht het te druk worden, is het bestuur genoodzaakt bezoekers te weigeren. We wensen jullie heel veel schaatsplezier!"
09:50

Veiligheidsregio Fryslân leit út wat krekt de regels binne foar natueriisbanen:

09:46

IIsbaan Wynjewâld iepenet woansdei

De iisbaan fan Wynjewâld giet woansdeitemiddei ek iepen. Nei 13.00 oere earste foar de bern fan leden oant en mei groep 8 fan de basisskoalle, en op jûntiid foar alle leden. "In verband met de avondklok sluit de baan om 20.30 uur. Bij de ingang wordt gecontroleerd. Bent u geen lid, maar u wilt wel schaatsen, dan kunt u lid worden door een automatische incasso in te vullen," sa lit it doarp witte. Bûten is iten en drinken te krijen. "Let op de 1,5 meter afstand."
09:43

Sâltstruiers op 'en paad

Fanwege de sniebuien út it noarden wei wurdt der ek op ferskate plakken al wer sâlt op de diken struid. "Hâlde jo rekken mei glêdens as jo de dyk út moatte," freget de provinsje.
09:39

Waadeilannen yn de snie

De Waadeilannen binne woansdei wekker wurden mei in farsk laachje snie. Sa komme der fan It Amelân, Skylge en Skiermûntseach al moaie foto's troch.
08:55

IIsbaan Akkrum tongersdei iepen

It like der earst net op, mar de iisbaan fan Akkrum giet moarn iepen. "Wy ha kâns sjoen om op it iis wer nij wetter te dwaan en dat is aardich slagge", seit foarsitter André Tanis fan de iisferiening. De brânwacht fan Akkrum hat dêr by holpen, fertelt er. "It sjocht der hiel moai út. Op plakken is it sjippeglêd." De baan giet in alle gefallen iepen foar de leden fan de feriening, mar ek oare reedrydleafhawwers binne neffens Tanis wolkom.
Foarsitter André Tanis fan de iisferiening yn Akkrum
08:10

Diken kleurje wer wyt

Yn Fryslân falt der op it stuit wer snie, sa as yn Ljouwert en yn de omkriten fan Sint-Anne.
07:38

Waarman Piet Paulusma warskôget ek foar glêdens

Ek Piet Paulusma warskôget foar glêdens op de Fryske diken. Boppedat is der kâns op sniebuikes. Neffens de waarman hat it fannacht aardich ferzen yn Fryslân. Op Skylge wie it -8 en Ljouwert soe de -9 oantikke ha. Mar, dat is mar even by opklearringen, seit Piet. Mear oer it winterwaar is te finen op ús waarside.
It waarberjocht fan 07.30 oere troch Piet Paulusma
07:08

Koade giel

It KNMI hat foar it hiele lân koade giel ôfjûn. Der is noch altyd kâns op glêdens troch snie op de dyk en mooglik ek troch it befriezen fan teiwetter en wiete parten fan de dyk. Ferkearsdielnimmers wurdt advisearre harren rydgedrach oan te passen oan de omstannichheden.
07:00

Goeiemoarn!

Goeiemoarn en wolkom yn dit liveblog oer it winterwaar. Ek hjoed hâlde we jim wêr op 'e hichte oer al it lêste nijs om de waarsomstannichheden hinne.
It liveblog fan tiisdei is hjir nei te lêzen.