Kabinet besjocht jûnsklok oer twa wiken ôfsûnderlik

Yn prinsipe jildt de ferlinging fan de jûnsklok oant en mei de nacht fan 2 op 3 maart om 4.30 oere, mar it kabinet sjocht oer twa wiken goed oft de maatregel dochs earder fan tafel kin. Dat seit justysjeminister Ferd Grapperhaus nei oerlis mei ministers oer de coronamaatregels. De spertiid is ûnderdiel fan in pakket maatregels, mar sil noch los besjoen wurde.
© Omrop Fryslan
Dat it kabinet langer fêsthâldt oan de jûnsklok, lekte earder al út. De maatregel "drukt swier" mar neffens de eksperts fan it RIVM en it OMT is it noch nedich hjiroan fêst te hâlden, seit Grapperhaus. "Als er aanleiding is om er eerder mee te stoppen, dan zullen we dat ook doen. Omdat het zo'n uitzonderlijke, aparte bevoegdheid is, en in een andere wet is geregeld, gaan we het afzonderlijk beoordelen."

Minder bewegings

Hoewol't it effekt fan de jûnsklok op besmettings noch ûnbekend is, sjocht it RIVM wol minder bewegings en besites, seit Grapperhaus. De maatregel is wat it kabinet oanbelanget dêrom wichtich genôch om noch yn stân te hâlden. "De tekenen zijn gunstig, over de werking." It OMT kin it effekt fan de jûnsklok op de epidemy noch net mjitte om't de maatregel noch gjin folle twa wiken funksjonearre hat.

Positive ynfloed op reproduksjegetal

Neffens minister Hugo de Jonge fan Folkssûnens hat de jûnsklok lykwols wol effekt op it reproduksjegetal, dat is it oantal minsken dat in persoan besmet. It reproduksjegetal is mooglik mei 10 persint ôfnaam troch de jûnsklok, sei hy. De kommende wike moat dúdlik wurde oft it pakket fan no de Britske fariant - dy't folle besmetliker is - beheine kin.
Neffens Grapperhaus wurdt de jûnsklok goed neilibbe. De plysje kontrolearret wol strang, der binne al tûzenen boetes útdield. Ut peilings docht ek bliken dan trijekwart fan de minsken de maatregel akseptearret, seit Grapperhaus.