Alvestêdekoarts slacht ta yn Den Haag: "Elfstedentocht moet doorgaan"

De Alvestêdekoarts hat ek yn Den Haag taslein: ferskate lanlike politisy seinen moandei dat wat harren oanbelanget toertochten op natueriis trochgean kinne, ek by de no jildende coronamaatregels. In mooglike Alvestêdetocht soe neffens guon politisy ek trochgean moatte.
It iis op de Bonkefeart is noch net klear foar in Alvestêdetocht © Kappers Media
D66-fraksjefoarsitter Rob Jetten seit dat er it hâlden fan toertochten en maratons net op foarhân útslute wol, foaral omdat it risiko op besmetting yn de bûtenloft lyts is. Neffens Jetten is it wichtich om yn in lockdown ek romte te meitsjen foar "een beetje plezier".

'Elfstedentocht moet doorgaan'

PVV-foarman Geert Wilders is noch dúdliker: neffens him moat de Alvestêdetocht altyd trochgean, as it iis dêr sterk genôch foar blykt. "Als de aanhoudende vorst met mogelijk maakt, moet de Elfstedentocht dit jaar echt op een verantwoorde manier doorgaan", skriuwt er op Twitter.
Partijlieder fan FvD Thierry Baudet is it dêrmei iens, en giet hurd tsjin de coronamaatregels yn:

Net oan de polityk

PvdA-listlûker Lilianne Ploumen seit dat it wol of net trochgean fan in Alvstêdetocht net oan de polityk is. "Ik hoor heel graag of en hoe het zou kunnen, net als alle andere Nederlanders."
Kandidaat-Twadde Keamerlid Habtamu de Hoop fan Easterein is it dêr mei iens. "Ik stean ynskreaun dus soe mei alle leafde, yn in oar jier, meiride. De Alvestêdeferiening hat neffens my neat oan politisy dy't hjoed efkes skoare wolle", sa skriuwt er op Twitter.

Wieling: It kin net

Wat de mienings yn Den Haag ek binne, foarsitter Wiebe Wieling fan de feriening Friesche Elf Steden wie snein dúdlik: In Alvestêdetocht organisearje yn in pandemy kin net.