IIsmaster Sytse Kroes: "It is allegear 'smotsiis', it leit der frij beroerd hinne"

Elkenien yn Fryslân hellet de redens al út it fet en siket in betûfte fakman om de izers te slypjen. Dat lêste is lykwols net nedich. It iis leit der nammentlik min hinne, konkludearret ek iismaster Sytse Kroes fan De Friesche IJsbond. "It is oeral smotsiis wurden."
© Kappers Media
In ideale iisperioade begjint sûnder snie, fertelt Kroes. "Wy ha wat dat betreft in ferskriklik falske start hân. Trochdat der snie fallen is, binne der iiskristallen yn it wetter kaam. Dêrtroch is it in nuvere brij wurden."

Goede tarieding

Oan de tarieding fan elkenien yn Fryslân hat it lykwols net lein, fynt Kroes. "Wy ha mei ús allen ús bêst dien om it iis sa goed mooglik te krijen. Sa is der in farferbod kaam en hat it Wetterskip de sluzen tichtset. Dêr leit it him net oan. Dit is de natoer."

Wetter spuitsje

Op de fraach wat iisbanen noch dwaan kinne om de iisflier te ferbetterjen, hellet Kroes de skouders op. "Dat wit ik net. Der binne minsken dy't ekstra wetter oer de baan spuitsje, sadat der in nije laach boppe-op komt. Dat kin, mar dan moatst wol soargje datst der hiel lang ôfbliuwst sadat it goed opfrieze kin."

Op eigen ferantwurding

Yntusken binne de earste minsken al wer sjoen op it natoeriis. En dat wylst it lang noch net oeral feilich is. "Elk is ferantwurdlik foar himsels", fynt Kroes. "Wy dogge al it mooglike om goed en feilich iis oan te bieden. Wy besykje it wetter stil te krijen, dus sûnder farferkear. En dêrnei kinne wy sniefeie en minne plakken ôfsette. Wa't no al te riden giet, docht dat op eigen ferantwurding."