Minister fan Sport giet yn petear mei KNSB oer maratonwedstriden

Minister Tamara van Ark fan Sport sil yn petear mei de KNSB oer it wol of net tastean fan reedrydwestriden op natoeriis. Ferskate maratonploegen trunen der by de KNSB op oan om maratons trochgean te litten.
© ANP Foto
Premier Mark Rutte sei freed noch dat foar reedrydwedstriden gjin útsûndering makke wurdt op de coronamaatregels. De KNSB folge dy line en sei freed ek dat der definityf gjin wedstriden op natueriis komme soene.

Brief fan maratonriders

Tsien topdifyzjeploegen stjoerden moandei dêrom in iepen brief oan de KNSB dêr't se it bûn yn fregen om der alles oan te dwaan om in natueriisbubbel mooglik te meitsjen. It soe dan in bubbel wurde moatte lykas by it langebaanreedriden, wêryn't de riders hieltyd test wurde en allinnich om te trainen en foar wedstriden út harren hotel komme.

Ek KNSB smyt roer om

Ek de KNSB liet moandei witte dat se harren eardere 'nee' graach wer ynlûke wolle. Ek it reedridersbûn is no fan miening dat der maratonwedstriden komme moatte.
Nei oanlieding fan al dizze berjochten hat minister Van Ark tasein dat se it petear mei de KNSB oangean wol. Wichtichste fragen fan de minister binne benammen om hoefolle topsporters it giet en hoe't soks feilich te organisearjen is. De útslach fan dizze petearen wurdt oer in pear dagen ferwachte.

Gjin Alvestêdetocht

Ek seit de wurdfierder fan it ministearje fan Sport dat de petearen tusken de minister en de KNSB net gean sille oer de Alvestêdetocht. Dat is in evenemint en alle eveneminten binne fanwege de coronamaatregels ferbean.