LIVE: Fryslân Hjoed oer it natueriis yn Fryslân
We stekke hjoed de termomjitter djip yn de situaasje fan it iis yn Fryslân. Grutte fraach is: wat bart der mei it natueriis, no't der in soad snie fallen is? Yn Fryslân Hjoed beprate we de lêste stân fan saken mei Piet Paulusma, Sytse Kroes en Jorrit Bergsma.

We sykje kontakt mei waarman Piet Paulusma. Hy is net allinnich waarman foar Omrop Fryslân, hy jout ek ferskate organisaasjes advys oer de oangroei fan iis. Hoe grut skat Piet de kâns op in fatsoenlike laach iis?
Sytse Kroes skoot oan yn de studio fan Fryslân Hjoed. Hy is iismaster fan it Frysk iisbûn. Wat ferwachtet hy fan de kommende wike? En hat it opspuitsjen fan de iisbanen ek doel?
Mochten der wedstriden op natueriis komme, dan is Jorrit Bergsma ien fan de riders dy't graach meidocht. Mar hy sit op it stuit yn de reedrydbubbel foar de WK ôfstannen, dy't tongersdei úteinsette yn Thialf. We ha in live ferbining mei Bergsma. Wat docht hy as der tagelyk in wedstriid op natueriis komt?
Fryslân Hjoed wurdt om 17.00 oere útstjoerd en wurdt de hiele jûn alle oeren werhelle. De útstjoering is ek online te besjen, op Omropfryslan.nl/live.