"It koe fan 'e moarn net", seit direkteur Jaring Attema fan basisskoalle de Vuurvlinder yn Snits. De basisskoallen ha in skoft ticht west, mar mochten moandei wer iepen. In soad hâlde dochs de doarren ticht, fanwege it winterwaar en de situaasje op de diken. "It gong om de bern en de kollega's. In protte kollega's moatte fan fier komme, út de úthoeken fan de provinsje wei by wize fan sprekken. We ha besletten om de skoalle ticht te hâlden. It is ferskriklik spitich, want we seagen der sa bot nei út."
Jaring Attema fan de Vuurvlinder