KNMI: Moandei koade oranje fanwege glêdens

Snein jildt de hiele dei koade read fanwege de snie en glêdens. Dy warskôging rint om middernacht ôf, mar foar moandei hat waarynstitút KNMI niiskrekt koade oranje ôfjûn oant 12.00 oere.
© Omrop Fryslân
De warskôging foar moandei jildt op 'e nij fanwege de ferwachte glêdens. Waarman Piet Paulusma fan Omrop Fryslân foarseit foar moandei ek noch altyd wat snie, kjeld en in soad glêdens.