Liveblog | 7 febrewaris 2021

Winterblog snein 7 febrewaris: diken bliuwe sjippeglêd

Folgje yn dit liveblog de situaasje yn de provinsje fan minút oant minút.
Bywurke: 8 febrewaris 2021, 08:06
snein 7 febrewaris 2021
21:46

Tank foar it folgjen

It is sneintejûn noch hieltyd sjippeglêd op de Fryske diken. Snieskowers en struiweinen ride troch de provinsje, mar it is dreech om de diken sniefrij te krijen. Der lizze in soad sniedunen op en njonken de diken. Boppedat is de delslach noch net út de loft. Tink derom dus!
Hjirmei slute we it liveblog fan dizze snein ôf. Tank foar it folgjen. Moarn wer in liveblog oer it winterwaar yn Fryslân.
21:44

Qbuzz rydt net

De bussen fan ferfierder Qbuzz ride sneintejûn en moandeitemoarn net. Dat giet om bussen yn Grinslân en Drinte, mar ek de bus fan Grins nei Drachten.
Moandeitemoarn om 10.15 besjocht Qbuzz de situaasje wer.
21:16

Dat dat even dúdlik is

20:51

It bliuwt glêd op de dyk

De A31 tusken Ljouwert en Dronryp
20:34

Protte rjochtsaken geane net troch

In hiel soad rjochtsaken geane moandei net troch fanwege it winterwaar. Sawat alle sittingen fan it hôf Arnhem-Ljouwert geane net troch, meldt rechtspraak.nl. "Het KNMI heeft code oranje afgegeven, veel treinen vallen uit, dus is het niet verantwoord om mensen naar zittingen toe te laten komen", skriuwe se.
20:28

Dochs maratons?

Reedrydbûn KNSB is bliid mei it pleit om in 'bubbel' te meitsjen foar reedriders, sadat der dochs maratons op natueriis holden wurde kinne. Dat seit Willem Hut, kompetysjelieder fan it maratonreedriden yn reaksje op útspraken fan Patrick Wouters fan House of Sports. Dy rôp snein de polityk yn Den Haag op om "dit cadeautje van de natuur niet voorbij te laten gaan".
20:17

Basisskoallen dochs ticht

In tal basisskoallen, dy't moarn nei in tydlike lockdown wer iepen mei, bliuwt dochs ticht. Se dogge dat fanwege it winterwaar. Yn alle gefallen alle skoallen fan skoalkoepel Arlanta yn Noardeast-Fryslân en Dantumadiel bliuwe ticht. Itselde jildt foar Noventa, dat yn Achtkarspelen sit.
En ek de Master Frankesskoalle yn Earnewâld giet moandei net iepen. "Us masters en juffen moatten allegear oer smelle tagongsdykjes nei Earnewâld ta komme", seit direkteur Chris van Hes tsjin RTV NOF. "Dat fyn ik mei de snie en glêdens net ferantwurde. Dêrom ha ús skoalbern moarn noch in ekstra dei frij krigen."
De skoallen fan Proloog yn Ljouwert en omjouwing geane yn prinsipe wol iepen, seit direkteur Albert Helder. De Montessori-skoalle en de Eestroom fan Proloog yn Ljouwert bliuwe wol ticht, want tal fan leararen moatte fan bûten de stêd komme.

Middelbere skoallen

Tal fan middelbere skoallen wiene foar in grut part al ticht, mar foar eksamenlearlingen en guon oare útsûnderingen wol beheind iepen. Moarn bliuwe de measten hielendal ticht. Dat jildt ûnder oare foar de skoallen fan it Lauwers College, it Liudger, it Stellingwerf College (oant en mei woansdei), Sevenwolden, it Dockinga College, Piter Jelles De Dyk, it Comenius Zamenhof, it Linde College en it AMS yn Frjentsjer.
20:06

"Lestich om de diken skjin te krijen"

19:57

Feilichheidsregio's: maatregels goed neilibbe

De coronamaatregels binne snein yn de sniewille goed neilibbe, seit it Veiligheidsberaad, dêr't alle 25 feilichheidsregio's yn sitte. "In de meeste veiligheidsregio's is een grote hoeveelheid sneeuw gevallen. Dit leidde in veel gevallen tot sneeuwpret; wandelende mensen en spelende kinderen domineerden het straatbeeld. Gelukkig hielden verreweg de meeste mensen zich hierbij goed aan de coronamaatregelen", seit it Veiligheidsberaad.
"Natuurlijk was het op sommige plekken zoals bijvoorbeeld in parken wat drukker dan normaal, maar dit heeft niet tot noemenswaardige problemen geleid, behalve dan dat de sneeuw en de vorst wel ernstige beperkingen op het verkeer hadden en hebben. Het advies om niet onnodig op reis te gaan blijft onverkort van kracht."
19:18

Nei NS ek alle treinen fan Arriva skrast

19:04

Moandei gjin moarnskranten, wol online

It gebou fan de Fryske kranten © Kappers Media
De measte minsken mei in abonnemint op de krante krije moarnier de krante net op 'e matte. De ekstreme waarsomstannichheden meitsje it net mooglik om moandei de moarnskranten te besoargjen, seit in wurdtfierder fan DPG Media. "Door het huidige winterweer achten de uitgeverijen het niet verantwoord om chauffeurs, distributeurs en bezorgers de weg op te sturen", seit in wurdfierder.
It giet om alle titels fan DPG en it Mediahuis. Dat binne guon in soad lanlike kranten, mar ek de Ljouwerter Krante en it Frysk Deiblêd. De LC seit wol dat abonnees de krante online lêze kinne.
19:01

Wurkje yn de snie

Filmje mei it winterwaar is net maklik, seit Omrop-ferslachjouwer Wytse Vellinga. Hy makket hast alles mei syn mobile telefoan. Gewoanwei slagget dat ek hast altyd, mar de kjeld makket it net ienfâldiger.
Dochs hat er dit hjoed meitsje kind:
Sjoch hoe't de diken skjinmakke wurde
18:43

Wiet pak yn Drachten

Trije jonge manlju binne snein by Drachten fan de dyk rekke op it Noorderend. De auto bedarre yn in sleat. It ambulânsepersoniel hat de jonges kontrolearre, mar gjinien hoegde nei it sikehûs ta.
© Noordernieuws/De Vries Media
18:27

Bartje hat de simmer yn 'e kop

It stânbyld fan Bartje yn it sintrum fan Assen hat de winterklean oan, mar ek de Simmer yn Fryslân-sinnebril!
Bartje © Fred van Os
18:15

Alvestêdetocht mei corona kin net

In Alvestêdetocht yn coronatiid kin net. Foarsitter Wiebe Wieling fan de feriening De Friesche Elf Steden lit yn in koarte reaksje oan it ANP witte dat it eardere stânpunt net feroare is.
De Alvestêdetocht fan 1985 © ANP
18:04

GGD: test- en priklokaasjes moandei iepen

De GGD is fan doel om moandei alle test- en faksinaasjelokaasjes wer iepen te smiten. Snein bleaune alle lokaasjes ticht, fanwege koade read om it winterske waar. Moandei jildt koade oranje. Mocht dat dochs noch koade read wurde, dan bliuwe de lokaasjes wol ticht. Dat seit de lanlike GGD-organisaasje. In wurdfierder fan de GGD Fryslân wit noch net hoe't it yn ús provinsje komt.
17:58

Undertusken yn Harns

Wille op sliden, mar auto's ha it dreech
17:49

"Het is bar en boos" op Skylge

It is flink kâld bûten op it stuit en de waarsomstannichheden hawwe yn skoften net sa ekstreem west yn Fryslân. Sytse Schoustra fan Skylge leit sels de ferliking mei de heftige winter fan 1979. "Het is op Terschelling nu behoorlijk bar en boos. Er staat een dikke sneeuwjacht." Der stiet ek flinke wyn, wynkracht 8. "Het vriest ook -3, dus dan heb je een windchill (gefoelstemperatuer, red.) van -15. Het is niet echt aangenaam buiten."
Sûnt '79 hat Schoustra net mear sokke barre waarsomstannichheden meimakke. Hy bliuwt dêrom ek lekker waarm binnen. "Ik blijf zo veel mogelijk achter het raam staan. Dan maak ik zo nu en dan een foto of een filmpje. Het is geen doen buiten." Der binne net in soad minsken op strjitte finen, neffens Schoustra. "Je ziet zo nu en dan iemand met gekromde rug buiten lopen tegen de wind in." It sicht is ek min. "Ik schat een kilometer."
Sytse Schoustra op Skylge
17:48

Te glêd: pizza's wurde net mear besoarge

© Tjebbe Witteveen
17:37

Moandei koade oranje om glêdens

Snein jildt de hiele dei koade read fanwege de snie en glêdens. Dy warskôging rint om middernacht ôf, mar foar moandei hat waarynstitút KNMI niiskrekt koade oranje ôfjûn oant 12.00 oere.
17:29

Mear online lessen

De measte learlingen fan de middelbere skoalle Simon Vestdijk yn Frjentsjer ha sowieso al online les, mar moandei jildt dat foar alle learlingen fan de skoalle. De ûnderfiningen binne goed mei online ûnderwiis, skriuwt de skoalle oan de âlders en fersoargers, en mei it ferwachte waar liket it de skoalle better om alle lessen thús plakfine te litten.
Itselde jildt foar it Ljouwerter Lyceum en Liudger Splitting yn Drachten.
17:25

Pear treinen NS moandei

De treinen fan de NS ride moandei 'mondjesmaat', meldt it ferfiersbedriuw. Snein ried in grut part fan de treinen hielendal net fanwege it ekstreme winterwaar. Troch de snie en de wyn binne der in soad steuringen.
"Een veilige en betrouwbare reis van onze reizigers en medewerkers staat voorop. Daarom hebben NS en ProRail samen moeten besluiten vandaag geen treinen meer te rijden. Wij kunnen reizigers op dit moment nog geen zekerheid geven over het aantal treinen, de trajecten en de frequentie. Hiervoor zijn we afhankelijk van de verdere ontwikkeling van eventuele storingen op het spoor", seit de NS.
17:12

It komt goed mei it iis

Snie is net goed foar de iiskwaliteit, mar waarman Piet Paulusma bliuwt optimistysk. Neffens him kinne we dizze wike wol te riden. "In oantal sletten lizze ticht mei snie-iis. As dêr snie op komt, kinst der net in soad mear mei. Mar in grut part leit noch iepen, dus dat is posityf. We komme fêst op redens."
16:55

Sniedunen yn Lekkum

Sniedunen yn Lekkum © Omrop Fryslân, Timo Jepkema
16:48

1200 ton sâlt struid

16:46

Dûmny op redens

16:20

Hurde wyn op Skylge

Hurde wyn op Skylge
16:07

Skye op 'e Jouwer

Yn it park Heremastate op De Jouwer besiket in jonge te skyen fan de bulte ôf. En it gong noch goed ek!
15:54

Aktuele situaasje op de dyk

De Provinsjale Wettersteat hat it de hiele dei al smoardrok mei it skjinmeitsjen en skjin hâlden fan de diken yn Fryslân. "De snieploegen ha der in protte wurk fan om alle diken berikber te hâlden", fertelt Sjoerd Marten Vrieswijk fan de provinsje.
15:29

Arriva skrast busferkear

Ek de bussen fan Arriva ride snein net mear yn Fryslân en Grinslân. Dat hat de ferfierder niiskrekt bekendmakke. Moandeitemoarn besjocht Arriva de waarsituaasje wer en beslút de ferfierder oft de bussen wer ride.
De treinen fan Arriva ride wol.
15:22

Winterwille op It Hearrenfean

Winterwille op It Hearrenfean
15:15

It giet mâl op de Ofslútdyk

Ofslútdyk
15:10

De waarupdate fan Piet Paulusma

It is yn de hiele provinsje om de -4 graden hinne. De gefoelstemperatuer leit lykwols folle leger, tsjin de -14. "De wyn waait en dy kuollet je hûd ek ôf. Dat makket it foar it gefoel ek folle kâlder", leit Piet Paulusma út.
It stoot ek flink, sa is fuortendaalks te merken ast nei bûten sjochst. Op de Waadeilannen leit der ek snie. Letter fan 'e jûn kinne we yn it Noarden fan it lân noch mear snie ferwachtsje. It wurdt dan om de -5 of -6 graden. Der stiet al flink wat snie-iis, wat glêdens feroarsaakje kin.
Moarn noch mear snie. De kâlde temperatueren en hurde wyn bliuwe. De kommende nachten bliuwt it ek kâld.
De waarupdate fan Piet Paulusma
15:07

25 miljoen kilo sâlt

14:56

De situaasje op de Wâldwei

14:44

Leech wetter yn Harns

Snie yn Harns
It wetter stiet sa leech dat sels de poatsjes fan de Walfisk (de fontein yn de haven) te sjen binne. En op it strân liket it wol in poalflakte.
14:23

Ek by de kuorbalferiening op It Hearrenfean kin der efkes net bûten traind wurde

14:02

Snein ride der gjin NS-treinen mear

De NS hat bekendmakke dat der de hiele dei mear treinen mear ride sille fanwege it winterwaar en it tanimmende tal steuringen oan de ynfrastruktuer en wiksels. "Op dit moment zijn er te veel storingen om een betrouwbare treindienst te kunnen bieden", seit in wurdfierder. De NS set ek gjin bussen yn as ferfanging.
13:48

Snie yn de Fryske haadstêd

Snie yn Ljouwert
13:43

Op It Amelân groeie iisrokjes oan it reid, lit boskwachter Marjan Veenendaal fan Steatsboskbehear sjen

13:42

Sniefertier yn Ljouwert

© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
13:26

Ekstreem leech wetter by Holwert: -NAP 2.43 meter

Troch de hurde eastewyn wie der by Holwert ekstreem leech wetter, lit Rijkswaterstaat Noord-Nederland witte. "Een waterstand van -NAP 2.43m is anderhalve meter lager dan normaal en komt maar eens in de paar jaar voor," sa skriuwt relaasjemanager Waadgebiet Jan Visser op Twitter.
13:23

Trainingen ONS Snits op Zuidersportpark skrast

13:13

IIsklups yn Fryslân warber: "Niet de beste start van een mooie ijsvloer, maar het begin is er"

Ferskate iisklups yn Fryslân komme út harren wintersliep wei en en ynformearje harren leden op sosjale media oer de stân fan saken op de iisbaan. "Niet de beste start van een mooie ijsvloer. Maar het begin is er!", lit 'IJsclub Jirnsum' witte op Facebook.
"Met de komst van koning winter in ons land heeft ijsclub Oudwoude e.o. vanmorgen de eerste voorbereidingen gedaan," liet de iisploech yn Aldwâld freed witte. Ek yn Britsum binne de minsken drok: "Laat het maar goed vriezen, dan kan de jeugd tm 12 jaar hier snel op schaatsen!". 'IJsclub Naar Buiten' yn Adeholtpea hâldt hoop: "Als de voorspellingen uitkomen, gáát het gebeuren! Er zijn regels die gelden en daar zullen we ons aan zullen moeten houden maar o wat zou het leuk zijn!"
'IJsclub Vriendschap' fan Holwert lit witte dat snein de 'rayonhaden' wer byinoar west hawwe. By de baan binne kleden ophongen om de slimste wyn op te fangen. Der sitte noch te folle wynwekken yn de baan. Eltse dei sjocht de iisklup nei de stân fan saken. "En omdat er een langere periode van vorst aan zit te komen gaat de baan pas open als ook de volwassen kunnen rijden."
12:54

Snie yn Harich

-
12:53

Glydpartij op de Ofslútdyk: A7 yntusken wer frijjûn

De A7 by Surch yn de rjochting fan Hoorn wie tusken Koarnwertersân en Den Oever in skofkte ticht fanwege in frachtwein mei kombinaadje dy't bryk efterinoar kamen te stean. Yntusken is de dyk wer frijjûn neffens ANWB Verkeersinformatie.
12:47

Auto's yn 'e sleat

Op ferskate plakken yn Fryslân binne sneintemiddei auto's fan de dyk en yn de sleat rekke. Dat barde ûnder oare yn Frjentsjer, Easterwâlde en Tsjummearum.
© CAMJO Media
12:46

Hooglandgemaal Starum yn bedriuw

It Hooglandgemaal yn Starum is noch yn bedriuw om de hege wetterstân yn de Súdwesthoeke fierder omleech te bringen. Troch de hurde eastewyn is de wetterstân yn de kanalen, fearten en marren heech. De wyn hat it wetter fan it noardeasten dy kant op stood en dêrtroch is der in soad streaming. Ofrûne wike is Wetterskip Fryslân al begûn mei it ferleegjen fan de wetterstân. As de winske wetterstân berikt is, giet ek it Hooglandgemaal út.
12:40

De Doniawei by Damwâld wurdt wer frijmakke

12:17

Beharkje hjirûnder Piet Paulusma syn resintste waarfoarsizzings

Soad kjeld en hurde wyn: Piet sjocht foarút op it waar
12:13

Sniewille yn Wolvegea

De winterske delslach soarget yn Wolvegea foar in soad wille by jong en âld. Meardere minsken binne nei in bulte yn it doarp kaam om te slydzjen.
Sniewille yn Wolvegea
12:10

Update provinsjale glêdensbestriding: "No 65 man yn 't spier"

Sjoerd Marten Vrieswijk fan provinsje Fryslân jout in update fan de situaasje op de Fryske diken. "Wy hawwe noch gjin meldingen fan ûngelokken troch glydpartijen trochkrigen," seit Vrieswijk. "It giet goed en der is net in soad ferkear. Wa't der écht op út moat: pas de snelheid oan, want it kin glêd wêze."
Neffens Vrieswijk kin der benammen yn it suden fan de provinsje sprake wêze fan dúnfoarming. "Dêr hawwe wy der de measte muoite mei. Op bepaalde plakken slacht it mear del, dêr hawwe wy ekstra wurk fan. Der binne by ús no 65 man yn 't spier, wy dogge der alles oan om de diken berikber te hâlden."
Sjoerd Marten Vrieswijk fan provinsje Fryslâ
11:59

Snietrottoirs yn Warkum

11:47

It giet noch net oan: De Luts leit noch folslein iepen

11:43

Slydjeie op De Jouwer

Op de bult yn park Heremastate op De Jouwer wurdt omraak slydjage troch bern en âlden. It waait hurd en de dikke klean moatte oan, mar dizze kâns komt net hiel faak foarby.
11:39

Stoarmskea by Harkemase Boys

De winterske stoarm hat ek syn tol easke by fuotbalklup Harkemase Boys. Sa is de telefyzjetoer fan de tribune ôfwaaid en binne dugouts omfier blaasd. Foar safier bekend is dêr gjinien by ferwûne rekke.
11:31

Oprop brânwacht: help om brânkranen sniefrij te hâlden

Brânwacht Fryslân ropt minsken op om as se oan it snieromjen binne, ek efkes de brânkranen mei te nimmen en sniefrij te feien. Sokke brânkranen steane faak op strategyske punten yn de strjitte of yn de berm en hawwe in read buordsje. De grutte hoemannichte snie kin derfoar soargje dat de kranen yn de snie bedobbe reitsje.
11:26

Op de Ofslútdyk ride auto's yn polonêze efter de snieskower oan

11:20

Dizze kat op It Hearrenfean is wat skruten en doart yn 't earst noch net hielendal nei bûten ta

Skruten kat doart net nei buten
11:19

Plysje: meitsje auto's goed sniefrij

De plysje warskôget dat minsken in boete krije kinne as sy snein fuortride sûnder de auto goed sniefrij makke te hawwen. It foarrút en de sydramen moatte hielendal frij wêze fan snie, oars kin der in boete fan 259 euro folgje. Ek de ferlochting en kentekenplaten moatte goed sichtber wêze.
11:12

Iglo's yn Drachten

Yn Drachten wie fan 'e moarn genôch snie fallen om in echte iglo te bouwen. Dizze trije bern hawwe lang dwaande west, mar it is harren slagge om in sniehúske te meitsjen.
© Srfotografie
10:58

Sa waaide it op de N31 sneintemoarn

LIVEBLOG: Sniejacht yn Fryslan
10:55

Doeksen fart neffens tsjinstregeling

Rederij Doeksen, dy't op Flylân en Skylge fart, meldt gjin problemen. De fearboaten farre neffens tsjinstregeling, sa't al ferwachte waard.
Wagenborg Passagiersdiensten hat wol inkelde ôffearten nei It Amelân en Skiermûntseach annulearre.
© Omrop Fryslân, Ronald van der Pol
10:52

Ek yn de Fryske Wâlden binne struiploegen ûnderweis

10:43

Gjin NS-treinen oant 12.00 oere, Arriva-treinen starte wer op yn Fryslân

Foar it iepenbier ferfier binne der in oantal saken feroare. By de NS ride der no seker oant 12.00 oere gjin treinen yn it lân. ProRail lit wol witte dat yn Fryslân en Grinslân de treintsjinst fan Arriva wer opstart wurdt.
Arriva hat in eigen side mei de meast aktuele ynformaasje. Dit omdat de reisplanners net altyd aktueel binne.
10:40

Tips om fûgels oan te fuorjen

Neffens Vogelbescherming Nederland is it just mei dit waar wichtich om de fûgels in bytsje te helpen. De organisaasje jout in oantal tips.
10:35

Stoere Merel (6) woe perfoarst mei bleate fuotten yn de snie yn Ljouwert

Foar bern smyt it winterske waar in soad wille op, sa ek foar Merel (6) fan Ljouwert:
© Omrop Fryslân, Marcel Huisman
10:29

Snieskowers op 'en paad

Ferskate snieskowers binne sneintemoarn op 'en paad gien om de sneldiken begeanber te hâlden. Der wurdt sawol snie skood as sâlt struid. Dizze weinen binne oan it wurk op de A7 by Folsgeare.
© CAMJO Media
10:22

Glêdens op de provinsjale diken

10:05

It waarberjocht fan Piet Paulusma

Fan snein ôf wurdt it folop winter, seit waarman Piet Paulusma. Net oeral yn de provinsje leit sneintemoarn al likefolle snie, mar stadichoan wurdt dat wol mear. "De situaasje sa't it no liket is ien fan snie en lichte snie. It snijt noch net iens hiel lang yn de provinsje. Yn it suden wat mear, yn it noarden wat minder. Wy sitte fansels mei stoarm yn it Waadgebiet. De gefoelstemperatuer is al aardich leech: yn Boalsert bygelyks al -14 graden."
Harkje en lês hjir it waarberjocht fan Piet Paulusma:
De waarfoarsizzing fan Piet Paulusma
© Omrop Fryslân
10:02

Wettersteat drok: "Fryslân opdield yn twa helten: it suden de measte snie"

Fryslân is sneintemoarn opdield in twa helten, sa liket it wol. "Boppe de line Harns-Ljouwert-Drachten liket it noch aardich grien. Dêr binne wy benammen sâlt oan it struien. Mar ûnder dy line moatte wy njonken it struien ek manmachtich snieskowe", seit glêdenskoördinator Sjoerd Marten Vrieswijk fan de provinsje.
08:59

Wintersk Fean

Ek It Hearrenfean docht al wintersk oan, sa lit wethâlder Jelle Zoetendal op sosjale media sjen:
08:47

Sa sjocht de N31 der sneintemoarn út: snijende wyn en stosnie

© Omrop Fryslân
08:31

Struiploegen De Fryske Marren troch

Ek gemeente De Fryske Marren is op it stuit oan it sâltstruien. Yn totaal giet it yn dizze gemeente om mear as 480 kilometer oan iepenbiere diken en fytspaden. De krekte struirûten binne op dizze kaart te finen.
08:19

Tips fan Veiligheidsregio Fryslân

08:04

Snieskowers en struiweinen fan Rykswettersteat op 'en paad

Snieskowers en struiweinen fan Rykswettersteat meitsje harren sneintemoarn opnij klear om de diken op te gean. Om healwei sânen hinne stie der sawat in file op it Noorderend yn Drachten fan frachtweinen. Sneontejûn is Rykswettersteat om 19.25 oere úteinset mei struie. Wêr't krekt de weinen fan Rykswettersteat ride, is te folgjen op dizze kaart.
© SRFotografie
07:46

Ferskil yn hoemannichte snie troch de provinsje

Ek op de De Jouwer waarden de minsken wekker mei in laachje snie: troch de hurde wyn is dy op it iene plak dikker as op it oare plak. Op stikken dêr't de snie fuortwaaid is, kin it izele hawwe en flink glêd wêze. By it knooppunt njonken de A7 sochten ferskate automobilisten in parkearplak op.
It ferskilt yn Fryslân noch aardich hoefolle snie oft der leit: op guon plakken yn it noarden leit der noch amper wat, wylst der yn oare doarpen al in aardige laach leit.
07:42

KNMI: offisjeel sprake fan sniestoarm op guon plakken, mei namme 'Darcy'

Lanlik sjoen is der foar it earst sûnt jannewaris 2010 sprake fan in sniestoarm. Yn it Waadgebiet en op de Houtribdijk is it stoarmwaar mei wynkrêft 8 en snie. Ek op oare plakken yn Fryslân en Noard-Hollân soe dat it gefal wêze kinne, melde waarburo's. Sneon krige de stoarm fan it KNMI de namme 'Darcy'. Foar in offisjele sniestoarm moat it op in waarstasjon fan it KNMI op syn minst in oere lang wynkrêft 8 waaie en tagelyk snije.
07:33

Bylden fan stosnie by Koarnwertersân en Harns

07:24

Struiploegen wer op 'en paad

Ferskate gemeenten yn de provinsje binne wer úteinset mei it struien fan sâlt op de diken. Sneon binne struiploegen al begûn mei it riden, sa't der yn 't foar al sâlt ûnder de ferwachte snie kaam.
07:18

Warskôgingen foar glêdens

Yn Fryslân is it op guon plakken tige glêd op de dyk. It advys is om net de dyk op te gean as it net needsaaklik is. Mochten minsken wol de dyk op moatte, dan is it advys om goed taret fuort te gean, wach te wêzen en it rydgedrach oan te passen.
07:03

Der ride gjin treinen fan NS en Arriva

Op dit stuit ride der noch gjin treinen: ProRail start yn elts gefal oant 10.00 oere it treinferkear noch net op yn ferbân mei it strange winterwaar en it grutter wurdende oantal steuringen op it spoar. Dat is benammen by wiksels it gefal. Der soe snein in oanpaste tsjinstregeling ynset wurde mei minder treinen.
It jildt foar de NS likegoed as foar Arriva. Reizgers kinne it bêste de berjochten op ns.nl, arriva.nl en de apps yn de gaten hâlde.
07:01

Brânwacht yn aksje foar gefaarlike situaasje mei stjoermêst

Yn Drachten waard de brânwacht midden yn 'e nacht oproppen foar stoarmskea. Oan De Bank drige in stjoermêst om te fallen troch it stoarmwaar. Mei in heechwurker hat de brânwacht de antenne koarter makke, sa't de mêst net safolle wyn mear fange koe. De mêst stie yn de eftertún fan in bewenner. Nei likernôch in oere wiene de brânwachtlju werom op de kazerne.
© Noordernieuws/De Vries Media
07:00

Goeiemoarn!

Goeiemoarn en wolkom by dizze liveblog oer it ekstreme winterwaar yn Fryslân. Folgje yn dit liveblog de situaasje yn de provinsje fan minút oant minút.