Aris Ljouwert yn eigen hûs hurd ûnderút tsjin Yoast United

Aris Ljouwert hat sneontemiddei foar de tredde kear dit seizoen ferlern. Yn eigen hûs kamen de Fryske basketballers tekoart tsjin Yoast United út Bemmel: 60-89. Sjoerd Koopmans wie mei 13 punten topscorer oan de kant fan Aris.
© Orange Pictures
Al nei it earste kwart seagen de Ljouwerters mei 14-23 tsjin in efterstân oan. Dat gat waard yn it twadde kwart wol wer in hiel stik lytser. Aris wûn it kwart mei 23-15 en dêrmei kaam de stân by it skoft op 37-38.
De hoop op in goed resultaat wie yn de twadde helte lykwols al gau wer fuort. De besikers út Gelderlân rûnen út nei 50-73. Yn it fjirde kwart waard de skea sels noch grutter. It waard úteinlik 60-89.
Troch it ferlies fan de Ljouwerters giet Yoast United no Aris foarby op de ranglist. Dêrmei sakket Aris nei it sânde plak. Dat is ien plak ûnder it plak wêr't trainer Ferried Naciri him yn earste ynstânsje op rjochtet. It sechde plak jout nammentlik rjocht op in plak yn de winnerspûl en in ticket foar de play-offs om it lânskampioenskip.