Goed 20 demonstranten by rêstich ferrûn coronaprotest yn Harns
De demonstraasje tsjin de coronamaatregels yn Harns sneontemiddei is rêstich ferrûn. Goed tweintich minsken kamen nei de Harnzer binnenstêd om harren ûnfrede oer de maatregels blike te litten.
De groep rûn ûnder begelieding fan de plysje fan it stasjon nei de binnenstêd. Boargemaster Roel Sluiter hie foar de demonstraasje in fergunning ôfjûn foar 150 demonstranten. Der kamen lykwols mar in stik as tweintich minsken op ôf.
De demonstranten moasten wol oardel meter ôfstân hâlde en in mûlkapke op ha. Lang net alle demonstranten hâlden harren dêroan.
Boargemaster Sluiter is bliid dat de demonstraasje rêstich ferrûn is, seit er: "Er waren geen aanwijzingen dat men uit was op ongeregeldheden, dan gaat het recht op demonstreren voor. Die gelegenheid hebben ze gekregen en dat is netjes verlopen."