Brân op souder yn hûs oan de Jancko Douwmastrjitte yn Snits

De brânwacht fan Snits is freedtejûn útriden foar in souderbrân yn Snits. De brân wie yn in hûs oan de Jancko Douwmastrjitte en ûntstie nei alle gedachten troch de waskdrûger. Der kaam in soad reek frij, mar de bewenners hiene it yn de gaten en koene gau it hûs ferlitte.
© JDG fotografie
Troch it flugge hanneljen fan de brânwacht koe de skea beheind wurde ta de souder. Wol is der reek- en wetterskea ûntstien yn it hûs.