Jier sel foar Boalserter om seksueel misbrûk minderjierrige famkes

In 35-jierrige man fan Boalsert moat in jier de sel yn foar seksueel misbrûk fan twa minderjierrige famkes. De man krige freedtemiddei fan de rjochtbank yn Ljouwert ek in selstraf fan seis moannen ûnder betingst mei in proeftiid fan trije jier.
Rjochter © Omrop Fryslân, Joris Kalma
De man plege de misdriuwen om 2013 hinne en 2018 by him thús yn bêd. De slachtoffers wiene in styfdochter (10) en in nichtsje (8) fan de man.
De Boalserter kaam yn septimber 2019 yn byld doe't in yntusken feroardiele pedofyl by de plysje nammen neamde fan befreone pedofilen. De groep makke ûnder mear útstapke nei fakânsjeparken om foto's te meitsjen yn it swimbad. By de man waard berneporno oantroffen. Syn oanhâlding soarge foar in soad ûnrêst yn Boalsert.

Ferklearrings betrouber

De man ûntkende yn de rjochtbank it misbrûk, mar joech it besit fan berneporno ta. De rjochter fynt de ferklearrings fan de slachtoffers betrouber. Neffens saakkundigen is der sprake fan in pedofile fersteuring.
Om de selstraf ûnder betingst te ûntrinnen moat de man ûnder mear ambulante behanneling ûndergean en him hâlde oan in meldplicht by de reklassearring. Dêrneist mei hy gjin kontakt hawwe mei de slachtoffers.
De straf komt oerien mei de eask fan it Iepenbier Justysje.