Oftraap by SC Hearrenfean - Vitesse betider fanwege wintersk waar

De thúswedstriid fan SC Hearrenfean tsjin Vitesse wurdt sneon op in earder momint spile. De wedstriid soe om 21.00 oere begjinne, mar fanwege it ferwachte winterske waar, is de wedstriid nei foaren helle. De ôftraap is no om 16.30 oere.
© Orange Pictures
De ferwachting is dat der in protte snie falt en der is kâns op izel. Der is gjin publyk wolkom by de wedstriden, mar der binne wol oare minsken dy't nei it stadion komme moatte. De KNVB wol dêr ek rekken mei hâlde.