GGD Fryslân wol mei blaastest corona fine

GGD Fryslân set takom wike yn de testlokaasje yn Drachten útein mei in proef mei in blaastest om it coronafirus op te spoaren. De azemapparatuer kin it firus 'rûke': it apparaat detektearret lytse dieltsjes yn de loft.
De SpiroNose © ANP
De útslach is dan binnen inkelde minuten bekend. Teste mei in wattestokje yn de mûle- en kielholte is dan allinnich nedich as de saneamde SpiroNose-test gjin útslutsel biedt.
Yn Amsterdam en Venray brûke se de SpiroNose al. Ut de earste ûndersiken docht bliken dat de blaastest betrouber genôch is om yn it hiele lân yn te setten. Wa't him teste lit, mei yn de acht oeren foar de test gjin alkohol drinke.
Margreet de Graaf fan GGD Fryslân oer de proef