Hearrenfean lit boargers meitinke oer transysje nei ierdgasfrije gemeente

Yn 2050 moatte alle 25.000 gebouwen yn de gemeente Hearrenfean fan it ierdgas ôf. Om ynwenners dêrop ta te rissen, begjint de gemeente in publykskampanje, ûnderdiel fan de besteande duorsumenskampanje 'Heerenveen, één voor één groener'. Alles wurdt dêrfoar út de kast helle: folders, advertinsjes, sosjale media en in webside.
It gemeentehûs fan Hearrenfean oan de Crackstrjitte © Omrop Fryslân, Sian Wierda
Ien fan de klimaatôfspraken is dat yn 2030 in fyfde fan alle gebouwen net mear ferwaarme wurdt mei ierdgas. Yn 2050 moatte sels alle wiken yn hiel Nederlân ierdgasfrij wêze. De fraach is no hoe't gemeenten dat oanfleane.
Hearrenfean wol der dêrom mei ynwenners en ûndernimmers oer neitinke en prate, sadat harren ideeën en winsken sa goed mooglik oanslute op de plannen fan de gemeente. "We fine it wichtich dat eltsenien meidwaan kin, ek ast minder te besteegjen hast of ast help nedich hast by de yngewikkelde techniken", leit wethâlder Jelle Zoetendal út.
Yn de gemeente Hearrenfean binne der yn totaal sa'n 25.000 gebouwen dy't fan it gas ôf moatte, wêrfan 22.500 wenten. Hokker gebouwen it earst oan de beurt komme, is noch net fêstlein. Ek dat bart yn gearspraak mei ynwenners en ûndernimmers.

Ideeën opnaam yn fisy

Oant en mei april kinne alle ynwenners en ûndernimmers, yndividueel of as groep, ideeën oanleverje by de gemeente. Mei op basis dêrfan wurdt in 'Transitievisie Warmte' opsteld. "We hawwe dus sels ynfloed op de wize wêrop't ús wenten, bedriuwenspannen, fabriken, skoallen, winkels, sportakkommodaasjes en oare gebouwen duorsum wurde", seit Zoetendal.
Alle ideeën, fragen en sels soargen binne neffens de wethâlder wolkom. "De wei nei ierdgasfrij is lang en noch net folslein bekend." Der moatte no yn elts gefal stappen set wurde om de doelen fan 2030 en 2050 te beheljen, fynt Zoetendal. "Lytse stapkes, lykas isolearje of it gasfornús ferfange troch in itensierdersplaat, helpe dêrby."
Wethâlder Jelle Zoetendal