Tsien jier finzenisstraf easke tsjin fertochte deadlike stekpartij Easterwâlde

Tsjin in man út Ljouwert dy't derfan fertocht wurdt dat er ferline jier april in man deastutsen hat, is tsien jier sel easke. De 34-jierrige man soe yn Easterwâlde in oare man fan it libben berôve hawwe. De fertochte wie de eks fan in frou út Easterwâlde. Har nije freon wie it slachtoffer.
© De Vries Media
De man gong op 4 april by syn eks-freondinne del yn Easterwâlde om de bern te bringen. Sy wiene al in skoftke útinoar. De nije freon fan de frou, in 44-jierrige man út Bovensmilde, wie by har thús yn Easterwâlde doe't de fertochte deryn kaam.
Der ûntstie in wrakseling tusken beide manlju, wêrby't de fertochte in grut mes út de keuken pakte. Neffens de fertochte die er dat út need, sa sei er foar de rjochtbank yn Ljouwert. Hy seit dat er gjin stekbewegingen makke hat. De fertochte soe tsjin it mes oanrûn wêze.
It Iepenbier Ministearje leaut de man syn ferklearring net. It slachtoffer hie fiif djippe stekwûnen. Ien dêrfan wie yn it hert, dy waard de man fataal. It slachtoffer ried nei de fjochtpartij fuort yn syn auto. By in tankstasjon sakke er yninoar en ferstoar.
Neffens it IM is der net genôch bewiis foar moard mei opsetsin ('met voorbedachten rade'). De fertochte hie it mes sels net meinommen nei it hûs. De fertochte soe ek syn eks mishannele hawwe nei de fjochtpartij.