Reedrydbûn hopet foar echte natueriiswedstriden op tastimming

Reedrydbûn KNSB wol mei it ministearje fan Sport yn oerlis oer tastimming foar it organisearjen fan wedstriden op natueriis as de froast takom wike trochset. It seizoen fan de maratonriders is dizze winter skrast, mar foar wedstriden op natueriis, as de omstannichheden dy mooglik meitsje, hopet de KNSB op in útsûndering, seit Willem Hut, kompetysjelieder fan it maratonreedriden.
© ANP
"De situaasje is no dat der gjin tastimming is foar wedstriden foar it maratonriden, omdat we net oanmerkt wurde as topsportkompetysje", seit Hut. "Dêrom hawwe we foar dit seizoen de stekker út it maratonriden lutsen."
Mar foar mooglike wedstriden op echt beferzen plassen, wol de KNSB net op foarhân beslisse dat dy net trochgean kinne. "It organisearjen is no noch net oan de oarder, we moatte earst ôfwachtsje oft de froast oanhâlde sil. Mar we stean klear en binne der absolút ta yn steat om dat rap te organisearjen, ek mei in feilich protokol foar it coronafirus."

Lêste kear yn 2013

It lêste NK op natueriis wie yn 2013 op it Veluwemeer. "Dus it mei wol wer in kear", fynt Hut. "We binne no flink oan it tomkjen en binne klear foar de folgjende stap as de situaasje safier is."
Hoewol't de maratonriders dit hiele seizoen gjin wedstriid ride koene, tinkt de kompetysjelieder dat se de kâns op wedstriden op natueriis yn Nederlân nea foarby gean litte. "Dat is fansels oan de riders sels. De timing is ûngelokkich en mei dy omstannichheden moatte se spitigernôch omgean. Mar se binne mear as genôch topsporter om ride te wollen."
Willem Hut, kompetysjelieder fan it maratonriden