RIVM: 176 nije besmettingen yn Fryslân; 8 stjergefallen

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 176 coronabesmettingen fêststeld. Dat meldt it RIVM. Dat binne 12 mear as tiisdei, want doe wienen it 164.
It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):
De measte nije besmettingen binne fêststeld yn de gemeente Súdwest-Fryslân (36). Dêrnei komme Ljouwert en Achtkarspelen mei beide 26.

8 stjergefallen

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 8 stjergefallen meld as gefolch fan it coronafirus. It giet om 4 ynwenners fan de gemeente Achtkarspelen, twa yn Hearrenfean en twa yn Súdwest-Fryslân.
Der binne 5 Friezen it sikehûs yn rekke mei corona. Dat binne ynwenners fan Achtkarspelen (2) en Súdwest-Fryslân (2) en ien út Tytsjerksteradiel.

Lanlik

Yn hiel Nederlân binne de ôfrûne 24 oeren 4060 coronagefallen fêststeld.
It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op ús dossierside.