COA en gemeente wolle helberens permaninte azc-gebouwen Snits ûndersykje

Gemeente Súdwest-Fryslân en it COA ûndersykje de helberens fan in permanint azc-gebou yn de wyk Noorderhoek yn Snits. Yn 2016 is al besletten dat it azc oant 2026 bliuwe kin, mar ek dat der op de helte fan de perioade - yn 2021 dus - ûndersocht wurdt wat de takomst wurdt foar it sintrum. It COA wol graach stiennen gebouwen delsette. Net mear foar maksimaal 600 bewenners, mar foar sa'n 350 oant 450 bewenners.
© Omrop Fryslân, Aise van Beets
It COA sjocht kânsen om foar langere tiid te bliuwen en dêr wol de organisaasje graach oer prate mei de gemeente. It giet benammen om saneamde 'kansrijke asielzoekers'. Dat binne minsken dy't yn Nederlân bliuwe meie en dy't úteinsette mei it ynboargerjen en it finen fan in nij wenplak.
Neffens de gemeente is it noch te betiid om te sizzen oft it plan fan it COA trochgiet. Beide partijen wolle dêrom ûndersyk dwaan nei de helberens. Omwenners hawwe dêrom in brief krigen, want de gemeente wol graach witte hoe't de wyk der oer tinkt. Ek riedsleden wurdt om meiwurking frege, dêr beslisse sy op 4 maart oer.
Mei stiennen gebouwen soe it azc der ek fuort wat 'humaner en vriendelijker' út sjen, sa skriuwt it kolleezje.