Piet Paulusma: "Kening winter makket in grutte kâns"

De redens kinne út it fet! Dat foarseit waarman Piet Paulusma. Neffens him stiet ús takom wykein kâld winterwaar te wachtsjen en sil it flink frieze. "Fan it wykein wurdt it winter."
© Timo Jepkema, Omrop Fryslân
"We krije in frij klassike wintersituaasje", ferfolget de waarman. Sneontenacht kin it sa'n fjouwer of fiif graden frieze. Snein oerdeis wurdt it om it friespunt hinne en nachts wer -5 of -6.
Begjin takom wike foarseit Paulusma ek folop winterwaar mei wat snie mei yn de earste nachten matige oant strange froast. "Hoe lang oft we dat folhâlde is noch mar de fraach, mar it bliuwt takom wike wol frij lang winter."
Waarman Piet oer it winterwaar