Grutte corona-útbraak yn Berchhiem yn Burgum
Yn ferpleechhûs Berchhiem yn Burgum is in grutte corona-útbraak. It tal besmettingen is dêr rap tanaam, ek al binne nei de eardere útbraak goed oardel wike lyn tal fan maatregels nommen. Op dit stuit binne 29 bewenners en sa'n 30 meiwurkers fan de ôfdielingen Hillemahofje en Oranjestins posityf test op it coronafirus. Berchhiem falt ûnder de KwadrantGroep.

Fan de 29 bewenners binne seis minsken stoarn as gefolch fan it coronafirus. Beide ôfdielingen binne sletten foar besite. Yn de nijbou yn Burgum binne gjin besmettingen fêststeld. Dêr mei ien besiker de ynwenner yn de wike komme.
Parkhoven
Op de lokaasje Parkhoven yn Ljouwert is de wenning Akkerhof/Boomgaard sletten foar besite. Dêr binne 8 bewenners en 10 meiwurkers posityf test. Ien bewenner is ferstoarn oan it coronafirus. Parkhoven falt ek ûnder de KwadrantGroep.