Femke Kok wint ek fjirde wrâldbeker én einklassemint 500 meter

Femke Kok hat foar de fjirde kear op rige de wrâldbekerwedstriid op de 500 meter wûn. Se ried mei 37,33 justjes stadiger as de foargeande trije wedstriden, mar dochs wie it snein yn Thialf genôch foar de oerwinning. Angelina Golikova waard, lykas de foargeande kearen twadde. Sneon wûn Kok yn 37,23. Trochdat se alle wedstriden wûn hat en dit de lêste wrâldbekerwedstriid fan it seizoen is, gie de einoerwinning ek nei Kok.
© Orange Pictures
De omstannichheden wienen op de 500 meter foar Kok wol dreger: har Kanadeeske tsjinstanner sei op it lêste momint ôf, wêrtroch't der gjin reserve mear komme koe dy't har ferfong. Dêrtroch moast Kok allinne ride. Dochs hâlde it har net tsjin en ried se de rapste tiid mei 37,33. De grutte konkurrinte Golikova like derûnder te dûken, mar liet it yn it lêste part lizze en wie úteinlik trije hûndertsten stadiger as de reedrydster fan Nij Beets.
Michelle Jong wie flugger as op de 500 meter fan sneon, mar moast tefreden wêze mei it sânde plak.

Utslach 500 meter froulju

1. Femke Kok (NED) 37,33
2. Angelina Golikova (RUS) 37,38
3. Daria Kachanova (RUS) 37,63
4. Olga Fatkulina (RUS) 37,67
5. Vanessa Herzog (EAS) 37,77
7. Michelle de Jong (NED) 37,87
Yn it klassemint is Kok de logyske winner, om't se alle wedstriden wûn hat. Ek de nûmer twa wie gjin ferrassing: Golikova waard fjouwer kear twadde en hat dy posysje ek yn it einklassemint. Olga Fatkulina waard tredde en De Jong einige as fjirde, noch krekt foar de Eastenrykse Vanessa Herzog. Marrit Fledderus hat twa fan de fjouwer wrâldbekerwedstriden riden en moast tefreden wêzen mei it 26e plak.

Wrâldbekerklassemint 500 meter

1. Femke Kok (NED) 240 punten
2. Angelina Golikova (RUS) 216 punten
3. Olga Fatkulina (RUS) 177 punten
4. Michelle de Jong (NED) 146 punten
5. Vanessa Herzog (EAS) 143 punten
26. Marrit Fledderus (NED) 56 punten