Groep jongerein yn Wytgaard kriget proses-ferbaal

De plysje fan Ljouwert hat yn de nacht fan sneon op snein tsjin seis jongeren yn Wytgaard proses-ferbaal opmakke. Se wiene byinoar wylst dat net mocht.
© Plysje
Om likernôch healwei ienen wie der in melding kaam oer lûdsoerlêst. Doe't de plysje by it gebou oan de Buorren oankaam, troffen se de jongerein dêr oan. Se binne neffens de plysje oproppen om yn ien rjochte line op hûs oan te gean.