Frysk dichter Jan J. Bylsma ferstoarn

De Fryske dichter Jan J. Bylsma is yn de âldens fan 89 jier stoarn. Bylsma hat in protte jierren aktyf west yn de Fryske literatuer. Hy hat seis dichtbondels skreaun en ien roman. Fierders hat er kabaretteksten skreaun foar Rients Gratama en hat er De Fûke fan Rink van der Velde yn it Nederlânsk oerset. Bylsma hat alve jier yn de redaksje sitten fan it Frysk kultureel moanneblêd De Strikel.
© Sirkwy
Bylsma groeide op yn Ljouwert. Hy hat altyd mear in stedsman as in plattelânsman west. Fan syn berop wie er learaar Nederlânsk.

Dichter

Syn debút makke er yn 1967 mei de dichtbondel Striptease. Doe wie de eksperimintele dichtkeunst al wat oan it ôfnimmen. De dichttaal waard direkter en helderder en dat hat Bylsma eins yn al dyn gedichten fêsthâlden. Hy woe gedichten skriuwe foar minsken dy't wend binne proaza te lêzen en foar analfabeten. Der binne mei-inoar seis dichtbondels fan syn hân ferskynd.
© Omrop Fryslân, Karen Bies
Bylsma syn tema's wiene sympaty foar dejingen dy't net meidwaan kinne en argewaasje oer meirinners en 'betterwitters, mar net betterwollers', sa't literatuerkenner Teake Oppewal it omskreau. Bylsma syn gedichten wiene altyd koart en mei koarte sintsjes. 'Lyts mar krigel' neamde er syn eigen gedichten sels. En dat wie ek de titel fan syn lêste dichtbondel, út 1992.

Detectives

Yn 1968 skreau Bylsma in koarte roman (It fersin). Dy waard net goed ûntfongen troch de kritisy. Dêrnei begûn er tegearre mei plysjeman Anne Hellinga oan it skriuwen fan detectives. Dêr binne fiif fan ferskynd.