CDA en FNP stimme noch net yn mei iepenhâlden asylsikerssintrum Balk

It CDA, de grutste partij yn de gemeente De Fryske Marren, wol earst mei de klankboerdgroep yn Balk prate foardat se in stânpunt ynnimme oer it wol of net ferlingjen fan it asylsikerssintrum yn Balk. It COA wol graach dat it azc twa jier langer iepenbliuwt as de fiif jier dy't ôfpraat wie. It CDA is der net perfoarst op tsjin, mar fynt de miening fan de ynwenners fan it doarp wichtich.
CDA wol noch gjin stânpunt ynnimme oer asylsikerssintrum Balk
Neffens fraksjefoarsitter Jan van Zanden fan it CDA is it probleem dat der dúdlike ôfspraken makke binne mei omwenners dat it foar fiif jier wêze soe en dan kin dat net samar ferlinge wurde. Neffens Van Zanden is der gjin byld fan de gefolgen fan it eventueel net ferlingjen.
As it betsjutte soe dat asylsikers út Balk dan wer swalkjend troch Nederlân moatte fan azc nei azc, dan sil dat meinaam wurde yn de beslútfoarming. De 'minsklike maat' wurdt dêryn meinaam. It CDA wol it ûndersyk fan it COA ek ôfwachtsje. Dat soe yn maaie klear wêze. It asylsikerssintrum soe ein dit jier slute, want dan binne de fiif jier foarby.
© Omrop Fryslân
De FNP yn de ried fan De Fryske Marren is noch krekt wat kritysker as it CDA. "Foar ús jildt yn prinsipe: ôfspraak is ôfspraak. Dat binne wy ek ferplichte tsjinoer ús befolking", seit fraksjefoarsitter Jan Volbeda. De FNP hâldt lykwols noch in lytse slach om de earm. "Wy wolle earst de ynspraak ôfwachtsje, foardat wy in definityf stânpunt ynnimme."
CDA en FNP binne de twa grutste fraksjes yn de ried fan De Fryske Marren.
Jan van Zanden (CDA) oer ferlingjen azc yn Balk