Friezen binne Friezen: Friezen kape publyksaksje fan Noard-Nederlân

In online publyksaksje fan de gearwurkjende provinsjes yn Noard-Nederlân is kaapt troch Friezen. Mei it hekstek #trotsophetnoorden woe de belangeferiening SNN de trije provinsjes promoatsje. De Jongfryske Mienskip makke der #grutskopfryslan fan. "Friezen binne Friezen, gjin noarderlingen", seit Chris van Hes fan de Jongfryske Mienskip.
Sjoch hjirûnder nei in pear foto's dy't minsken online setten ha mei it hekstek #grutskopfryslan.,
Chris van Hes
"We ha it idee dat it los giet", seit Van Hes. "Minsken pakke it moai op. Ik krij der in hiel posityf gefoel by. We geane grutsk it wykein yn. Rekkenje dêr mar op."