Provinsje: Natuermuseum krijt gjin ekstra jild, ek al moatte der minsken ûntslein wurde

De provinsje Fryslân is net fan doel om it Natuermuseum yn Ljouwert ekstra jild te jaan. Dat seit deputearre Sietske Poepjes. It museum liedt de needklok, om't it de kommende jierren flink minder subsydzje krijt fan de provinsje: se gean werom fan sân nei fiif ton yn it jier.
Natuermuseum krijt gjin ekstra jild
De besuniging betsjut dat in tredde fan it personiel ûntslein wurde moat. In grut part fan de kolleksje moat fuort, en der kinne gjin edukaasjeprojekten mear hâlden wurde. De yn it each springende tentoanstellingen, dêr't de lêste jierren ferskate prizen mei wûn binne, soene ek net mear kinne, seit it museum.
Neffens Poepjes is it wrang foar it museum, mar kin it net oars. "We wisten dat dit spile. We ha in hiele protte goeie musea yn Fryslân. Dy freegje allegearre om stipe. It jild moat ferdield wurde, en de wâl keart it skip. Hjir hâldt it op."
Deputearre Sietske Poepjes
Natuurmuseum Fryslân © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust