Nij fers fan de Dichter fan Fryslân: Spegel

Dichter fan Fryslân Nyk de Vries syn nije gedicht 'Spegel' foarmet de ôftraap fan it projekt 'Wjerspegelje' wêrby't koarte gedichten plakt wurde op spegels yn de hoareka fan Ljouwert. Koarte literêre teksten fan 20 sekonden dy'tst lêze kinst by it waskjen fan de hannen. It is it njoggende gedicht fan de Dichter fan Fryslân. De oersetting nei it Nederlânsk is fan de dichter sels.
Spegel

dêr stean ik wer
mei de hannen ûnder de kraan
inkeld in pear tellen duorret it
en toch far ik samar in ein hjirwei
wylst rûnom de wrâld raast en rabbet
en ús sa't it skynt tsjinoer inoar set
lit ik graach it seil even sakje
om my yn 'e lijte
oan dyn eachwink
oer te jaan
© Omrop Fryslân
It projekt 'Wjerspegelje' is in gearwurking tusken Merk Fryslân, Ljouwert City of Literature en ferskate dichters.
It projekt 'Dichter fan Fryslân' is in inisjatyf fan de provinsje Fryslân. It wurdt útfierd troch de Afûk. Mei de beneaming fan de Dichter fan Fryslân wol de provinsje by in breder publyk omtinken freegje foar de keunstfoarm poëzy. Mear ynformaasje oer de Dichter fan Fryslân is te finen op de webside dichterfanfryslan.nl.