Karmelkleaster yn Drachten ferkocht; omboud ta wensoarchsintrum

It Karmelkleaster yn Drachten is ferkocht. Op 15 augustus fan dit jier wurdt it oerdroegen oan de nije eigeners, dy't der in wensoarchsintrum fan meitsje foar minsken mei demintens.
© Ietsje Hofstra-De Jager
Der moatte 32 keamers yn it kleaster komme. Op eltse acht bewenners is der in hûskeamer en keuken. De útstrieling fan it gebou feroaret net: de âlde eleminten bliuwe behâlden. De tún bliuwt ek yntakt en it gebou wurdt ferduorsume.
Eigeners Jan Hofstra en Ietsje en Hofstra-De Jager kochten it kleaster yn 1993 fan de susters Karmelitessen mei de ynstek om it gebou foar it Noarden te behâlden. Jan Hofstra ferstoar yn 2015, wêrnei't it kleaster yn hannen bleau fan Ietsje.
Yn de ôfrûne 28 jier is der in soad bard yn it kleaster. Der waarden krystfierings, lêzings, konserten en tentoanstellings hâlden en it wie ek in plak foar brulloften en útfearten. It ôfskied fan Jan wie ek yn it kleaster.

"Blij met bestemming"

"Het gebouw wordt een huis voor hen, die niet meer thuis kunnen wonen. Ik ben heel blij met deze bestemming. Met de wens dat dit huis voor veel mensen ook weer een thuis mag worden", skriuwt Ietsje Hofstra-De Jager yn in reaksje.
Se hopet yn maart, of sadree't de coronamaatregels dat wer talitte, in trochstart te meitsjen mei de tentoanstelling Huidhonger, dy't yn septimber 2019 begûn en yn maart 2020 earder as pland stillein waard yn ferbân mei it coronafirus.