Njoggen tips oer stellen pinpas nei oanlieding fan útstjoering Opsporing Verzocht

De plysje hat njoggen tips ûntfongen oer in man dy't foarich jier in pinpas stellen hat fan in 90-jierrige frou fan Harns. De tips kamen binnen nei oanlieding fan in útstjoering fan it telefyzjeprogramma Opsporing Verzocht.
Pinautomaat © Shutterstock.com
De plysje liet tiisdei bylden sjen fan de dieder yn Opsporing Verzocht. De dief sloech ta yn it Ljouwerter sikehûs MCL. Dêrnei pinde er grutte bedraggen mei har pinpas yn it kasino yn Grins.
Op de webside fan de plysje stean bylden fan de man. Sa is de dief te sjen op de befeiligingskamera fan it sikehûs en op bylden yn it kasino yn Grins.
It giet om in blanke man mei in kealende holle. De plysje hopet dat minsken de man werkenne en him oanjouwe by de plysje. Tips binne wolkom fia telefoannûmer 0900 8844 of troch mei de tipline fan de plysje te beljen: 0800 6070.