Kollum: "Trochslein"

"Nederlân is oan it trochslaan. Letterlik en figuerlik. Selfs in kollumnist hat der lêst fan. Want dy idioate selsbefredigers wolle o sa graach dat je oer har oanfallen op plysjes en sikehûzen skriuwe of prate; no dat is te folle eare. Mar as je it oer oare saken hawwe, is it krekt as witte je as kollumnist net hoe ferkeard de wrâld yn elkoar sit.
© Omrop Fryslân
De Toan fan Eelke Lok
Dus ik ha it wol oer trochslaan, mar dan figuerlik. Dan binne je sa ferbline troch wat je sá oan it hert leit dat je der altyd mei dwaande binne, dat je maklik sa mar wat oerdriuwe kinne. De omjouwing hat der begryp foar oant je sá fier trochslagge dat it der by troch is. Dat dogge de djip-Friezen.
Ja, djip-Friezen binne ek wol leaf, mar sa gedrage se har net. Se binne altyd sa ferskuorrende grimmitich. Se wolle net inkeld wat. It móát. No. Daliks. Dan bekuollet mýn leafde yn elk gefal wol wat.
Ferline wike kaam der in nij formulier yn Nederlân, wylst dêr hjir al sa'n 7.384 formulieren besteane. Dizze moast der by, want as je no jûns nei njoggenen de hûn útlitte wolle, dan moatte jo dat yn de bûse ha, njonken it skepke en plestik pûdsje. Dan mei de hûn wol yn de tún fan de buorlju skite, mar as je dan ek noch efkes hurd de smoargenskontener oan de dyk sette, ja dat stiet net op it formulier; 95 euro boete.
Dat formulierke is der yn it Nederlânsk, Ingelsk, Dútsk, Frânsk, Spaansk, Arabysk, Turksk, Poalsk, Bulgaarsk, Sineesk en Papiamento. Fiif minuten neidat it ferskynd wie, gie de telefoan fan deputearre Sietske Poepjes al, wylst se noch dwaande wie mei in taart yn de ûne te smiten. De djip-Frizen bellen net oer as se dêr ek noch wat slachrjemme op moast. Nee; 'it-formulier-is-net-yn-it-Frysk'.
Dêrmei hawwe dy djip-Friezen de hiele Fryske befolking misledige. Wý kinne dochs dat formulierke goed lêze, yn tsjinstelling ta dy oare tsien groepkes. Wy binne der sûnt groep 1 op de basisskoalle mei opfieden. 'Jongetje, jij moet niet zeggen van 'pisjen', je hebt in je broek geplást'. We learden allegear Nederlânsk op skoalle en no op de laptop, sadat we der allegear mei wurkje kinne.
Sterker, seis fan de njoggen plysjes kin gjin Frysk lêze. Dy smite it formulier en de hûnútlitters mei in Frysk briefke yn de bak. Sterker, fiif fan de tsien minsken dy't de hûn útlitte wolle, kin sels ek gjin Frysk formulier lêze.
En witte jim wat no de grap is. Nimmen merkt hjir wat fan, want elk hat in formulierke fan syn of har wurkjouwer. En dy skriuwe der echt gjin Frysk formulierke foar. Seker net omt de djip-Friezen it in jûnsklokfrijwarring neame.
It wie noch net bard of der kaam in treintsje foarbyriden en dêr stie op Zwarte Haan. Nee, dêr giet de trein net hinne, Anne Hettinga neamt syn treinen nei plakken dêr't je op de fyts hinne moatte. No en Joop Mulder siet yn de sjuery. Hy seach graach fan it terras fan kafee de Zwarte Haan ôf oer it Waad. Dus hy soarge dat der in Zwarte Haan-trein kaam.
De FNP-Waadhoeke hie Leen Ferwerda fan de Wurkgroep it Bildt, dat binne djip-Bilkerts, yn de fraksje, mar dy stapte derút. Mar no wolle de djip-Friezen dochs sjen litte dat se it Biltsk likegoed ek stimulearje en dus moat it Swarte Haan wurde. Gjin Z mar in S. Drege diskusjes, sels steateleden bemuoiden har der mei. Wylst Joop Mulder noch noait Frysk of Biltsk sprutsen hat.
Trochslaan, ivich. Djip-Friezen hâlde har ek dwaande mei ien of oar Europeesk Minderheidstalewetsbelied. Dat folget net in mins yn Fryslân, want we hawwe der neat oan. Likegoed hat de provinsje Fryslân, blykber de hoeder fan de djip-Friezen, in moasje fan treurnis nei Brussel stjoerd, om't it foarstelde skriembelied net oannaam wie.
Leave djip-Friezen. Hâld op mei it belachlik meitsjen fan ús Friezen mei dat gedoch mei oare minderheidstalen, oer folderkes en formulierkes fan de oerheid, oer plak- of treinnammen, of mei in ygrec of lange ij diskusje. Dan binne jim trochslein.
Dus fei jimsels ris oer de kop. En jûn as de jûnsklokterreur wer begjint, nim dan jim bern of bernsbern op skoat en lês se in goed Frysk boekje foar."