Dokkumer skilderij lang om let nei Rijksmuseum foar slavernij-útstalling

Lang om let is in Dokkumer skilderij nei Amsterdam ôfreizge foar de tentoanstelling oer de slavernij yn it Rijksmuseum. Dy soe eins ferline jier al holden wurde, mar fanwege de coronakrisis rûn dat fertraging op. As de coronamaatregels ferromme wurde, is it de bedoeling dat it skilderij fan 12 febrewaris oant en mei 31 maaie te sjen is. Gemeente Noardeast-Fryslân neamt it ien fan de topstikken fan de gemeente.
It Dokkumer skilderij út 1697 © Gemeente Noardeast-Fryslân
Nederlân hat yn in grutte rol spile yn de slavernij, en sels yn Dokkum binne dêr spoaren fan werom te finen. It skilderij "Maaltijd met Julius Schelto van Aitzema, Sara van der Broek, gasten en bedienden" wurdt tydlik útliend oan it museum. De gemeente kocht it doek yn 1951.
It is foar it earst dat der yn it Rijksmuseum in útstalling is oer de slavernij. Yn de tentoanstelling binne tsien ferhalen te sjen út de perioade tusken de 17e en de 19e iuw, bygelyks fan minsken dy't ta slaaf makke binne. Mar ek fan de oare kant, minsken dy't slaven holden. Dat wurdt dien mei in grut ferskaat oan objekten út ferskate musea, argiven en kolleksjes.

Betsjinners fan Nederlânsk-Ynje

It skilderij is yn 1697 makke troch de skilder Gerard Wigmana (1673-1741) fan Warkum. Der stiet in selskip op mei de doetiidske boargemaster fan Dokkum. Bysûnder is dat der ek in tal ta slaaf makke minsken op it skilderij steane. Dy wiene meinommen út Nederlânsk-Ynje troch VOC-skippen. Op it skilderij steane boargemaster Julius Schelto van Aitzema (ferstoarn yn 1714) en syn frou Sara van den Broek (ca. 1650-1719). Fierder steane op it skilderij dus ferskate betsjinners. Ien fan harren is Filander de Baron, dy't út Batavia kaam en fan ta slaaf makke betsjinner opklom ta útfierder fan fûnissen.
Oebele Idema, meiwurker keunstbehear fan de gemeente Noard East Fryslân, fertelt oer de ferhuzing. "Der kaam in spesjaal ynternasjonaal bedriuw dat keunst ferfiert, dy twa minsken hawwe dat mei mofkes oan en in mûlkapke foar fan de wand helle, ferpakt en hiel foarsichtich ferfierd."
Yn 1928 en yn 2015 is it doek ek útliend, beide kearen wie dat oan it Haags Gemeentemuseum. As de tentoanstelling yn it Rijksmuseum dien is, komt it wer nei Dokkum, nei itselde plak.
Oebele Idema