Fryske dokter: "Faksinaasje fan mannen mei oergewicht kin problemen op IC oplosse"

Der moat sa gau as mooglik begûn wurde mei it faksinearjen fan mannen tusken de 50 en de 70 jier âld dy't te swier binne. Dat seit Peter van der Voort út Boksum. Hy is it haad fan de Intensive Care fan it UMCG yn Grins. As dizze mannen foarrang krije by de faksinaasje, soe der earder sjoen wurde kinne nei in ferromming fan de lockdown.
Peter van der Voort
By minsken dy't te swier binne, is de kâns grutter dat de gefolgen fan in besmetting slim binne, seit Van der Voort. Hoe't dat kin, is net dúdlik. "Dat zijn we nog aan het uitzoeken. Maar het heeft te maken met een ontstekingsreactie die door het buikvet wordt versterkt."

Krapte op de IC

Neffens Van der Voort falt mear as de helte fan de minsken dy't no op de IC leit yn dizze kategory: mannen fan 50 oant 70 jier âld, mei in BMI fan boppe de 25. As dy minsken, trochdat se in faksin krigen ha, net mear op de IC bedarje, komt dêr romte om oare pasjinten te behanneljen. Krapte op de IC is ien fan de redenen dat der no in strange lockdown jildt yn it hiele lân.

Faksinaasjestrategy

De GGD begjint dizze wike mei de faksinaasje fan 90-plussers. De meast kwetsberen komme as earste oan bar. "De Gezondheidsraad heeft een zorgvuldige afweging gemaakt", seit Van der Voort. "Maar daarnaast is er ook een praktische situatie op de IC."
"De beleidsmakers moeten beslissen, maar ik wil ze wel meegeven dat de mensen die we behandelen op de IC en die dus de capaciteitsproblemen in stand houden, dat die groep door vaccinatie verminderd kan worden. Dus als er beleid wordt gemaakt, is dat wel iets om rekening mee te houden."

Yn in pear wiken klear

Van der Voort sjocht gjin praktyske beswieren. "De overheid weet welke leeftijd iedereen heeft, en welk geslacht. Dan ben je al een heel eind. Overgewicht kan iedereen zelf bepalen."
Mei in pear wiken kin de faksinaasje klear wêze, seit Van der Voort. "Ik denk dat er ongeveer 1,1 miljoen mensen in deze categorie vallen. Er zijn plannen om op den duur 1 miljoen mensen per week te vaccineren. Zoveel vaccins hebben we nu nog niet, maar in een paar weken tijd zou het te doen moeten zijn."
Der wurdt fan alles sein oer it coronafaksin, mar hoe wurket it no eins echt en wat sit der allegearre yn? Earder makken we dêr dit lange artikel oer. En op de dei dat yn Fryslân it earste faksin set waard, makken we dizze útstjoering fan Fryslân Hjoed, mei longdokter Wouter van Geffen en sjoernaliste Martine van der Steege.