Thomas Oosterhaven nije riedsgriffier gemeente Opsterlân

Thomas Oosterhaven is mei yngong fan 1 febrewaris de nije riedsgriffier fan de gemeente Opsterlân. Hy ferfangt Ieke Zwart, dy't nei 14 jier tsjinstferliening yn de rie mei pensjoen giet.
© Omrop Fryslân, Darshan Boerema
De 37-jierrige Oosterhaven wurke sûnt 2019 yn tsjinst fan de gemeente Waadhoeke as direksjesekretaris. Dêrfoar wie hy fjouwer jier riedsgriffier by de gemeente Flylân.