Kollum: "Agindaseks is better as gjin seks"

"No mei de coronakrisis binne der minsken yn beroppen dy't it smoardrok ha. De útfeart, de soarch en de pakkettetsjinst binne dêr foarbylden fan. Mar der is noch in beropsgroep dy't it swit op 'e kop hat, nammentlik de relaasjeterapeuten. Dy kinne de fraach amper oan, de telefoan rinkelet hiele dagen. It is dúdlik dat corona in negative ynfloed op it leafdeslibben fan minsken hat.
© Omrop Fryslân, Joris Kalma
De toan fan Willem Schoorstra
"Der is minder seks én minder goede seks", stelt ien fan de terapeuten. Hy fynt dat logysk, om't der mear stress is as oars. Minsken meitsje har soargen om harren baan en sitte boppedat hiele dagen opinoars lippe. Dy stress hat ympakt op de hormoanehúshâlding en it fysike gestel. It ûnderdrukt bygelyks testosteron, it hormoan dat by manlju sawol as by froulju foar sin yn seks soarget.
Omdatst op 't heden ek nergens hinne kinst, komme steltsjes útsoarte yn in hegedrukpanne telâne. Mei fan gefolgen dat gewoane relaasjeproblemen net mear goed ferwurke wurde. Der ûntstiet ôfstân en der wurdt minder kontakt socht, ek yn bêd. Of op 'e trep of yn de keuken of yn de gong, krekt wat de omstannichheden binne en wat je wolle.
De grutte fraach is fansels: wat dogge je dêroan? Neffens relaasjeterapeut Blom moatte steltsjes yntimiteit foaroan sette. Net de yntimiteit fan kearskes baarne en slachrjemme út de nâle slikje, mar de yntimens fan it jins partner yn it ear flústerjen datst him of har nimme wolst. Troch dat te dwaan joust dy bleat, likefolle wat de partner dêr op dat momint fan fynt. Boppedat, sa seit Blom, wa't geregeld seks hat profitearret fan noch folle mear foardielen. Behalve tsjin stress wurket it posityf op de hormoanehúshâlding, is it in goede remeedzje tsjin hertfalen en ferbaarnt it in pôle kaloryen, ek net ûnbelangryk yn de striid tsjin de coronakilo's.
Hy jout dan ek it advys om just no mear wurk fan seks te meitsjen. Byneed troch it yn te plannen ûnder it motto 'agindaseks is better as gjin seks'. Net om it iene of oare, mar dat liket my funest foar it libido. Ik bedoel, jo prate ôf om moarntejûn healwei tsienen it fleis te fiterjen, yn in doaske te kocheljen, in wiete noas te heljen of inoar oan te triuwen, en dan slagget it net omdat de hûn skite moat, ien fan de bern in nachtmerje hat wêryn't dy achternei sitten wurdt troch in aap yn in blauwe pyama, of dat je krekt in parsekonferinsje fan Mark Rutte op it netflues ha te stean.
Dochs is it in goedbedoelde tip fan terapeut Blom. Der binne problemen en dêr moat wat oan dien wurde. Agindaseks of net: wy moatte ús mei nocht en wille troch de krisis wippe."