Foar it earst yn 90 jier in gat yn de Ofslútdyk foar fisktrek

Hast njoggentich jier lyn waard it lêste gat yn de Ofslútdyk tichtsmiten, mar no wurdt der wer in nij gat yn makke. Mei de earste hap út de dyk wurdt nammentlik in begjin makke oan de saneamde fiskmigraasjerivier. De trochgong yn de Ofslútdyk moat it foar de fisken makliker meitsje om fan de Waadsee nei de Iselmar te gean en wer werom.
gat yn de Ofslútdyk foar fisktrek
De fiskmigraasjerivier komt by Koarnwertersân. De oanlis duorret nei alle gedachten fjouwer jier. It wurk is moandei begûn.
Trekfisken ha swiet en sâlt wetter nedich. Guon fisken komme al troch de Ofslútdyk. Mei de rivier kinne gruttere tallen salm, seeforel, hjerring en iel fan de Waadsee nei de Iselmar swimme, en oarsom. De fisken dy't net trekke, lykas de bears en snoekbears, kinne ek profitearje fan in better oanbod fan iten, tinke de inisjatyfnimmers.
Artist impression fan de fiskmigraasjerivier © Feddes/Olthof landschapsarchitecten
De fiskmigraasjerivier is in inisjatyf fan de Waadferiening, Sportvisserij Nederland, It Fryske Gea, Coalitie het Blauwe Hart Natuurlijk en NetVISwerk. It wurdt makke troch De Nieuwe Afsluitdijk, in gearwurking tusken de Fryslân en Noard-Hollân en de gemeenten Súdwest-Fryslân en Hollands Kroon.
Rykswettersteat makket it gat, yn opdracht fan de provinsje Fryslân. "De Vismigratierivier is een unieke kans voor de waterbouwsector om zichzelf opnieuw wereldwijd op de kaart te zetten", seit deputearre Avine Fokkens.

Wichtich foar goed hûndert fisksoarten

Seebiolooch en mei-inisjatyfnimmer Wouter van der Heij fan de Waadferiening seit dat de Waadsee foar goed hûndert fisksoarten in belangrike skeakel yn it libben is. "Door de aanleg van dijken en dammen zijn er wereldwijd veel trekroutes doorsneden. De Vismigratierivier wordt een iconische vispassage op een iconische plek, waarmee Nederland met de Afsluitdijk opnieuw een internationaal voorbeeld stelt."
Artist impression fan de fiskmigraasjerivier © Feddes/Olthof landschapsarchitecten
"De fiskmigraasjerivier hat effekt op it bioferskaat yn de Iselmar, dêr't folle mear trekfisken wêze wille", seit Chris Bakker, ekolooch by It Fryske Gea en mei-inisjatyfnimmer. "En op it bioferskaat oant fier yn Fryslân, dêr't in soad fisksoarten foarkomme sille."