Kollum: "Iepenbier"

"Wês gerêst, ik ha it net oer de fal fan it regear. Rutte hie dêr lykwols in ferhaaltsje by: dat de oerheid better kommunisearje sil. Tenei binne alle amtlike advizen daliks iepenbier. Ek hoe't de ministers op dy advizen omkôgje. Ik waard der suver wat waarm fan.
© Omrop Fryslân
De Toan fan Eelke Lok
Wis, se dienen it yn de corona al wat. It OMT fergadere oan de tafels fan Op1 en Jinek. En dan fertelde Xander van der Wulp ús wat Rutte dêrop sizze soe yn de parsekonferinsje. Hy hat it net ien kear mis hân; hoe is it mooglik dat dêr dochs noch miljoenen nei seagen.
De Dútske kânselier Von Bismarck sei yn de 19e iuw dat je as bestjoerder soargje moatte dat it folk net wit hoe't bratwurst en wetten makke wurde. We witte yntusken út hokker bargemage dy 'wurst' komt. Dy wetten ha we noch gjin weet fan. Ald-premier Kok fûn ein foarige iuw de Rutter-doktrine út: gjin iepenbierens. Sûnt dy tiid is polityk in dizenich ûnderling potsje polderjen.
Dat soe no oer wêze moatte. Hoe't se dat dwaan sille mei al dy saken wêr't se net oer prate kinne of wolle, dat witte wy net. En sý witte net hoe't se de amtners beskermje moatte. Hoewol, wêrom moat dat yn fredesnamme? Tsjin harsels heechút. Dy diskusje duorret dus noch iuwen.
Ik bin regionalist. Iepenheid yn Den Haag is ek iepenheid yn Ljouwert. Daliks. Dus, nije wike wike alle amtlike advizen dy't der ea west ha oer it fleanfjld Ljouwert iepenbier. Ek oer de gas- en sâltboarrings. Sûnder swarte filtstiftkrassen op essinsjele rigeltjes. Ik wol ek witte wat befolking en polityk tasein is oer fleanfjild en boarrings. En fan de polityk wol ik witte wêrom't se noait de bek iepen dien ha.
Ik wol no witte wêrom't de deputearren en provinsiale politike partijen net moard en brân raze oer de mjittingen fan 'Geluidsmeetnet rondom vliegbasis Leeuwarden'. Sels net as ek de Ljouwerter Krante yntusken krimmenearret oer it oarlochsgeweld boppe Fryslân. Ik sit elke woansdei te hoopjen dat se hjir net al te betiid omfleane, want dan kinne jim my net hearre.
Se moatte dizze moannen in ekstra soad fleane, want se kin nearne oars oefenje. Fanwege corona. As je earne oars net oefenje kinne fanwege corona, kin dat hjir dochs ek net? Of ha wy gjin corona soms? En der binne dochs ek genôch amtners mei in skuldgefoel dy't no al lûdop sizze, dat as der ierdskokken yn Grinslân binne fanwege de gasboarrings, dat soks yn Fryslân like tichtby is.
Dy hearre wy net, want wy litte ús oan de kant triuwe troch de sinten dy't de oerheid dermei fertsjinnet. En om't Nederlân mei it boarst foarút rinne wol yn de wrâld mei it yn de grûn sjitten fan hûnderten minsken troch dy hjir ek noch sûnder offisjele tastimming rûnfleanende kringen.
Alles wurdt ferdigene troch neat te sizzen. Der is inkeld gekeutel efter dy skodoarren. Grinslân, Fryslân, Drinte en Oerisel wolle har no fersette tsjin boarrings. Prima. Amtners soene dat stypje kinne troch alles iepenbier te meitsjen. Dan kinne we alle foars en tsjins tsjin elkoar ôfwage.
De ôfwagingen binne nammentlik aanst net inkeld mear foar de polityk. Alles wurdt ommers iepenbier. De sjoernalistyk moat der net inkeld bliid mei wêze; ek omstean leare. Se moatte dy amtlike advizen fertale, sûnder eigen mieningen te jaan. Ik bin wol útheard op dy jonkjes of blaaien dy't tsjin in minister sizze: jo ha de corona yn 2019 net foarsein, dus wannear stappe jo op?
Mar ja, sjoernalistyk is gjin beskerme berop, elkenien kin meihaffelje. De sjoernalistike taak, útlizze en net stjoere, wurdt hielendal neat. Want de grutste konkurrinten fan de sjoernalistyk binne de sosjale media. No, dy ha der foar soarge dat we hielendal net mear polderje: der binne gewoan 17 miljoen mieninkjes. En de uterste mieningen raze ek noch it lûdst, en wurde fretten troch de sjoernalistyk.
Sa lang as justysje neat docht oan minsken dy't no op twitter roppe dat elke sjoernalist dy't ferslach die fan de demonstraasje fan 'e wike (nota bene yn soldateklean) op it Museumplein, dat dy dea moat; dan hat iepenbierheid yn Den Haag en Ljouwert gjin inkelde sin.
Myn waarme gefoelens binne nei 700 wurden al wer aardich bekuolle."