Plysjehelikopter ynset by sykaksje nei mooglike dieven by Aldehaske

De plysje hat sneintejûn in helikopter ynset boppe Aldehaske. Mooglik waard socht nei in dief, dy't yn in stellen bus ried.
© De Vries Media
Wat him krekt ôfspile hat yn Aldehaske is noch net dúdlik. De plysjehelikopter hong lange tiid boppe it plak. Ek wie der in grut ferskaat oan plysje-auto's oanwêzich, en waard der ek in plysjehûn ynset.
Neffens tsjûgen soe de plysje meardere minsken oanhâlden hawwe.