Bobslydteam Dennis Veenker sechtjinde by wrâldbekerwedstriid yn Dútslân

De Fryske bobslider Dennis Veenker is mei Ivo de Bruin, Janko Franjic en Joost Dumas sechtjinde wurden by de wrâldbekerwedstriid yn it Dútske Königssee.
© ANP
Veenker-en-dy setten yn twa runs in totale tiid del fan 1:39.30. Dat wie 1.85 sekonden stadiger as de nûmer ien Dútslân.
It wie de tredde wedstriid fan dit bobslydseizoen mei de fjouwermansbob. Ofrûne wykein waarden Veenker-en-dy achttjinde yn de wrâldbeker en it wykein dêrfoar alfde.