KNVB Beker: Hearrenfean spilet thús tsjin Feyenoord

Sportklup Hearrenfean spilet yn de kwartfinales fan de KNVB Beker tsjin Feyenoord. De klup mei de wedstryd thús spylje.
© Orange Pictures
SC Hearrenfean stiet op dit stuit achtste yn de Eredivisie. De tsjinstanner út Rotterdam stiet heger, op plakje fjouwer. Kommende wike moatte beide klups ek al tsjin inoar spylje, dan yn de kompetysje. Yn de hinne-wedstriid waard it noch 3-0 foar Feyenoord.
SC Hearrenfean wûn ferline wike yn de achtste finales fan de KNVB beker mei 2-1 fan FC Emmen. Dêrfoar hiene de Friezen in frijlotte, wêrtroch't se net hoegden te spyljen. De kwartfinales wurde spile op 9, 10 en 11 febrewaris.