Harns meast gastfrije stêd fan Nederlân
Neffens de resinsjes fan klanten op booking.com is Harns de meast gastfrije stêd fan Nederlân. Dat hat bliken dien by de útrikking fan de traveller review awards fan it bedriuw.

Booking.com hat oer de hiele wrâld awards útrikt oan akkommodaasjes dy't troch de klanten wurdearre wurde. Harns stiet boppeoan de list mei it heechste persintaazje fan bekroande akkommodaasjes. Ljouwert stiet ek noch yn de top 10.