Bolwurken yn Dokkum bekladde mei teksten tsjin jûnsklok

Op meardere plakken op de Bolwurken yn Dokkum binne sneontemoarn teksten fûn tsjin de ynfiering fan de jûnsklok. De gemeente sil de teksten fuorthelje.
Ien fan de teksten op it Bolwurk © Stephanie, Twitter
De teksten gean allegear oer de jûnsklok dy't sneontejûn yngiet. Sa stiet der: 'Spertijd einde vrijheid', 'Spertijd = Dwaasheid' en 'Fok de avondklok'. De gemeente Noardeast-Fryslân is op 'e hichte brocht en hat tasein de teksten fuort te heljen.