Yn ien wike mear as 10.000 Fryske sinnen ynsprutsen foar spraaktechnology
Friezen ha de ôfrûne wike mear as 10.000 Fryske sinnen ynsprutsen foar spraaktechnology fan Mozilla. It bedriuw organisearre in wedstriid tusken it Frysk en it Nederlânsk, elkenien koe sinnen yn beide talen ynsprekke. Yn it Nederlânsk kamen der sa'n 5.000 opnamen by.

Alles wat ynsprutsen wurdt, kin brûkt wurde yn de spraaktechnology. Dy technology wurdt brûkt troch guon speakers en bygelyks robots yn de soarch. No binne sokke techniken benammen beskikber yn gruttere talen as it Ingelsk, Dútsk en Japansk. Wolle Friezen en Nederlanners der ek gebrûk fan meitsje, dan moat der earst genôch audiomateriaal wêze.
Fryslân luts twa jier lyn 38.000 euro út om it Frysk yn de dataset fan Mozilla te krijen. De Fryske Akademy hat sinnen betocht dy't frijwilligers ynsprekke kinne.
Oplieding by Campus Fryslân
De ynsprutsen teksten kinne ek brûkt wurde foar taalûndersyk. Campus Fryslân fan de Universiteit fan Grins begjint yn septimber in oplieding op it mêd fan spraaktechnology.
"It ynsprekken giet nei dizze wike gewoan fierder", seit frijwilliger Wim Benes fan Mozilla. "Elkenien mei in telefoan, tablet of kompjûter kin meidwaan. Ferskillen yn regionale útspraak binne gjin probleem. Dat is just wichtich by it opbouwen fan de dataset." It doel is úteinlik om sa'n 300 oeren oan Fryske tekst te sammeljen op voice.mozilla.frl.