Neushoorn moat it sintrum foar popkultuer fan it Noarden wurde

Yn de hiele opset fan poppoadium Neushoorn yn Ljouwert sitte noch te folle weefflaters. Dy moatte de kommende tiid oplost wurde. Dat wurdt de missy fan de nije direkteur fan it popsintrum, Serge Hollander. It doel wurdt om de kommende tiid fan Neushoorn it sintrum fan popkultuer fan Fryslân en Noard-Nederlân te meitsjen.
Neushoorn moat it sintrum foar popkultuer fan it Noarden wurde
Earst is der noch in oare rinnende saak op te lossen. Ein ferline jier kaam Neushoorn yn it nijs om't der misstannen wêze soenen. Frijwilligers en stazjêres soenen har net feilich fiele. Technisy soenen famkes ferliede ta seks en drugsgebrûk. Ek soe der sprake wêze fan machtsmisbrûk. De direksje soe neat dien ha mei klachten. De eardere direkteur Yvonne Bleize hat oanjûn fan gjin misstannen te witten.

Undersyk nei mooglike misstannen

Dochs komt der in yngreven ûndersyk. Hollander wol sa de ûnderste stien boppe krije. "We willen eigenlijk drie zaken helder krijgen: Kloppen de beschuldigingen? Is dit waar? De tweede is dat we hier een veilige werk- en leeromgeving willen hebben. Dat moet gewoon. Daarom onderzoeken we of het voor iedereen nu al die veilige plek is die we denken dat we zijn. Of kunnen we daarin nog iets verbeteren. En als laatste willen we als organisatie klaarstaan voor wanneer er onverhoopt toch iets gebeurt. Het onderzoek gaat binnenkort van start en we hopen snel resultaat te krijgen."
Serge Hollander © Omrop Fryslan, Hayo Bootsma
De coronatiid hat grutte impact op de aktiviteiten fan Neushoorn. De programmeur wie al drok dwaande mei de planning foar dit jier, mar hat de measte ôfspraken wer ôfsizze moatten. Dochs is der nettsjinsteande de lockdown noch in soad aktiviteit. Jongeren stean foar de doar in sigaretsje te smoken. Se binne ûnderdiel fan de oplieding D'Drive.
Dêr is al ien fan de weefflaters, seit Hollander: "We willen graag ook overdag programmeren. Nu worden die podia gebruikt voor lessen. Ik wil gaan kijken hoe we dat anders kunnen invullen." Hollander wol sjen hoe't de romten effisjinter benut wurde kinne. Want wa hiert hokker romte? "De samenwerking met het Friesland College is met de beste bedoelingen opgezet, maar ik ben er van overtuigd dat we er samen nog meer uit kunnen halen."

Net de hân ophâlde

Finânsjes bliuwe ek lestich. It is it probleem fan hast alle poppoadia, ek foar de coronakrisis. Hollander wie yn syn tiid as fraksjefoarsitter fan de VVD yn de Ljouwerter gemeenteried altyd kritysk as de gemeente wer finansjeel bysjitte moast. "Dat klopt. Ik ben daar altijd kritisch op geweest. En nu ik hier zelf sta, vind ik nog steeds dat we niet zomaar de hand op moeten houden bij de gemeente. We moeten juist kijken naar andere geldstromen."
Dochs hat ek Hollander goed troch dat der hieltyd jild tekoart is. Om dat op te lossen, wol hy ta op gearwurkingsferbannen. "Met bijvoorbeeld het bedrijfsleven. We willen hier ook zelf meer gaan produceren. Dat is inhoudelijk spannend, maar kan veel opleveren." It doel is om sa ferrassend te wurden: "We willen meer talentgedreven worden. Dat Friese bands of artiesten vanuit Neushoorn de wereld gaan veroveren."
Poppoadium en kreative hotspot Neushoorn yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Sian Wierda
Hollander sjocht yn de takomst in Neushoorn dat folle breder is yn opset. "Dit moet het centrum voor popcultuur gaan worden in Fryslân. Sterker nog, ik wil dat dit het centrum gaat worden voor Noord-Nederland", seit er. "Het moet hier gewoon creatiever, het moet meer gaan bruisen." Dat betsjut konkurrearje mei Grins. "Klopt. Daar staat een sterke popcultuur. Dat inhalen is lastig, maar laten we in ieder geval ambitie hebben."

Gearwurking mei De Harmonie

De omjouwing fan Neushoorn biedt dêr ek alle kânsen ta. It Ruterskertier wurdt de kommende jierren allinnich noch mar oantrekliker. "De nieuwe bioscoop staat er straks, hier recht tegenover De Harmonie. Over twee jaar is hopelijk de busverbinding verdwenen en dan geeft dat hier op straat ook veel kansen." Hollander moat ek fan de gemeenteried fan Ljouwert de gearwurking sykje mei skouboarch De Harmonie. "In de praktijk is dat toch lastig. De samenwerking staat alleen nu in het teken van geld. Dat zou anders moeten."

Twa sterke merken

Sa sjocht hy mooglikheden yn it dielen fan optredens: "We zijn twee sterke merken. Stel dat wij een grote band hebben, dan zou die als er ruimte is goed in de grote zaal van De Harmonie passen. Andersom zou je hier cabaretiers op kunnen laten treden. Wat past goed bij de ruimte die je te bieden hebt? En straks met mooi weer en geen busverkeer kun je het Mata Hariplein omtoveren tot buitenpodium, waar het hele gebied wat aan heeft."
LIet 2019 yn Neushoorn © Stichting Liet '91

Geselliger as ea

Foar it safier is moat al de coronakrisis foarby wêze. Yn de tuskentiid wurdt besocht alle langrinnende saken op te lossen, sadat aanst mei in skjinne laai begûn wurde kin. "Ik zie voor me dat mensen straks zeggen: We gaan een gezellig avondje Neushoorn doen", seit Hollander. "We staan hier echt te popelen om te beginnen."
De enerzjy is der dan ek genôch yn de organisaasje. "Dat was het eerste wat ik zag, toen ik binnen stapte. Dat het niet een murw geslagen organisatie is, maar eentje die bruist van energie. Hier gebeurt gewoon veel." Om krekt dat sjen te litten, hopet Hollander dat de coronakrisis gau foarby is. "Dan kunnen we weer programmeren en gaan bouwen. Dan wordt het gezelliger dan ooit."
Direkteur Serge Hollander fan poppoadium Neushoorn