Nijlanner feriening hellet ynformaasje oer sûnens fan kij út molkemeunsters

Oan de molke fan in ko sjen hoe't it sit mei har stofwikseling: Melkcontrole Nijland kin út molkemeunsters fan kij dy't krekt kealle ha ynformaasje helje oer harren stofwikseling en dus oer harren sûnens. De koöperaasje út Nijlân biedt dy tsjinst sûnt koart oan de eigen leden oan.
© Omrop Fryslân
Boeren kinne op basis fan dy ynformaasje sels of mei help fan bygelyks in bistedokter de sûnens fan krekt ôfkealle kij ferbetterje. "Guon kij wurde hiel meager, dêr mankearret dan faak wat oan", seit direksjelid Henk Hoekman. "Dat wolle we foar wêze. We mjitte guon wearden en op basis dêrfan kinne we sjen dat dy oar iten of in supplemint ha moat bygelyks."
Melkcontrole Nijland hat sa'n 400 leden en 50.000 melkkij yn de kontrôle. Wat de nije ynformaasje krekt betsjutte kin foar de ferbettering fan de sûnens fan de kij moat noch blike. It is no noch te betiid om dat te sizzen, seit Hoekman.
Henk Hoekman fan Melkcontrole Nijland oer de technyk
Henk Hoekman en Henk Visser fan Melkcontrole Nijland © Omrop Fryslân, Gerrit de Boer